Elía: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
L Horeb oanpast oan skriuwwize yn de Fryske Bibel
Rigel 48:
Dan oarderet Elía dat it alter fan God trochdrinzge wurde moat mei wetter, en hy graaft der in fuorge omhinne dêr't it wetter yn stean bliuwt. Dêrnei bidt er God om it offer te akseptearjen, en daliks falt der fjoer út 'e himel dat it offerfleis, it wetter yn 'e fuorge en sels de stiennen fan it alter fertart. As it folk dat sjocht, bekeart it him ta it leauwe yn God. Elía jout dêrop befel om 'e preesters fan Baäl te gripen en mei te fieren nei de beek [[Kisjon (beek)|Kisjon]], om har dêr oan 'e lêste man ta ôf te slachtsjen. Neitiid bidt Elía op 'e berch Karmel oan God dat de drûchte no einigje mei, en oan trije kear ta stjoert er in feint om út te sjen oft har yn 'e fierte boppe see al [[rein]]wolkens foarmje. De trêde kears sjocht de feint "''in wolkje as in mannehân"''<ref>''1 Keningen'' 18:44</ref> út 'e see opkommen. Dêrop stjoert Elía him om Achab te warskôgjen dat er sjen moat en gean by de berch del, om't de stjalprein dat oars ûnmooglik meitsje sil. Krekt sa't er foarsein hat, begjint koarte tiid letter in stjalprein dy't in ein makket oan 'e drûchte en de hongersneed. ''"Mar oer Elía kaam de hân fan de Heare: hy die de mulriem om en hy fleach foar Achab út oan it plak ta, dêr't se ôfslane nei Jizreël."''<ref>''1 Keningen'' 18:46</ref>
 
===Elía op 'e HorebHoareb===
As [[Izébel]] heart dat Elía har preesters ôfslachtsje litten hat, ûntstekt hja yn grutte grime en driget se him dea te dwaan. Dêrop moat de profeet de wyk nimme nei [[Beër-Sjêba]], yn [[Keninkryk Juda|Juda]], dêr't er lykme-allinne de wyldernis yn tsjocht. Uteinlik jout er him del ûnder in strûk [[bremerheide]] en bidt dat er stjerre mei. Hy wurdt lykwols wekker makke troch in [[ingel]], dy't him iten en drinken bringt. Neitiid reizget er fjirtich dagen en fjirtich nachten oant er op 'e berch [[Hoareb (berch)|Hoareb]] komt, dêr't er beskûl siket yn in spelonk. ''"[M]ar dêr liet de Heare him Syn wurd takomme en Hy sei tsjin him: 'Wat moasto hjir, Elía?'&nbsp;"''<ref>''1 Keningen'' 19:9</ref> De profeet jout ûntwikende antwurden, ymplisearret dat al syn krewearjen om 'e nocht west hat en bekleit him oer de Israeliten.
[[File:Washington_Allston_-_Elijah_in_the_Desert_-_Google_Art_Project.jpg|left|thumb|280px|Elía yn 'e wyldernis.]]