Elía: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
L Horeb oanpast oan skriuwwize yn de Fryske Bibel |
No edit summary |
||
Rigel 28:
[[File:Kingdoms_of_Israel_and_Judah_map_830.svg|left|thumb|220px|In kaart mei dêrop oanjûn de steatkundige sitewaasje yn [[Palestina]] yn 'e njoggende iuw f.Kr. It noardlike tsienstammeryk [[Keninkryk Israel|Israel]] is oanjûn yn blau en it súdlike twastammeryk [[Keninkryk Juda|Juda]] yn oranje.]]
Ien fan 'e Israelityske kenings, [[Omry fan Israel|Omry]], wist syn noardgrins feilich te stellen troch in [[polityk]] bûnsgenoatskip te sluten mei de [[Fenysje|Fenisyske]] stêdsteat [[Sidon]]. Dat bûnsgenoatskip waard besegele troch in houlik tusken Omry syn soan en opfolger [[Achab fan Israel|Achab]] en [[Izébel (bibelsk persoan)|Izébel]], de dochter fan 'e kening fan Sidon, dy't teffens in preesteresse fan Baäl-Hadad wie, en in grut gefolch oan preesters fan Baäl en Asjeara meinaam nei har nije lân. Hoewol't it bûnsgenoatskip polityk-militêr sjoen perfoarst in ferstannige set wie, late it ta in heech oprinnend yntern skeel mei de jahwistyske profeten, dy't gjin belang hiene by politike stabiliteit, mar inkeld it strikt neilibjen fan 'e Wet fan Mozes neistribben.
===Yntroduksje fan Elía===
Rigel 49:
===Elía op 'e Hoareb===
As [[Izébel (bibelsk persoan)|Izébel]] heart dat Elía har preesters ôfslachtsje litten hat, ûntstekt hja yn grutte grime en driget se him dea te dwaan. Dêrop moat de profeet de wyk nimme nei [[Beër-Sjêba]], yn [[Keninkryk Juda|Juda]], dêr't er lykme-allinne de wyldernis yn tsjocht. Uteinlik jout er him del ûnder in strûk [[bremerheide]] en bidt dat er stjerre mei. Hy wurdt lykwols wekker makke troch in [[ingel]], dy't him iten en drinken bringt. Neitiid reizget er fjirtich dagen en fjirtich nachten oant er op 'e berch [[Hoareb]] komt, dêr't er beskûl siket yn in spelonk. ''"[M]ar dêr liet de Heare him Syn wurd takomme en Hy sei tsjin him: 'Wat moasto hjir, Elía?' "''<ref>''1 Keningen'' 19:9</ref> De profeet jout ûntwikende antwurden, ymplisearret dat al syn krewearjen om 'e nocht west hat en bekleit him oer de Israeliten.
[[File:Washington_Allston_-_Elijah_in_the_Desert_-_Google_Art_Project.jpg|left|thumb|280px|Elía yn 'e wyldernis.]]
|