Markus Tullius Sisero: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 49:
====De ferfolging fan Gajus Verres====
Sisero sette syn politike karriêre útein yn [[75 f.Kr.]], yn 'e funksje fan ''[[quaestor]]'' fan westlik [[Sisylje]]. Hy bliek in earlik en ynteger bestjoerder te wêzen, en fan gefolgen fregen de ynwenners fan 'e provinsje him om [[Gajus Verres]] te ferfolgjen, in gûverneur fan Sisylje dy't it eilân foar eigen gewin útrûpele hie. Nei't er lange tiid tariedend wurk dien en bewiismateriaal op Sisylje sammele hie, wûn Sisero dy saak yn Rome yn in rige dramatyske konfrontaasjes yn 'e rjochtseal mei Verres syn (foaroansteande) abbekaat [[Kwintius Hortensius Hortalus]]. It wie dizze saak dêr't Sisero syn reputaasje as jurist en orator mei fêstige.
[[File:Cicerón denuncia a Catilina, por Cesare Maccari-Cicero.jpg|right|thumb|300px|Sisero sprekt de Romeinske Senaat ta (in [[fresko]] út [[1882]]-[[1888]], fan [[Cesare Maccari]].]]
 
====Konsulskip====