Alpha and Omega (novelle): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
kt
Rigel 21:
}}
'''''Alpha and Omega''''' (letterlik: "Alfa en Omega") is it earste diel fan 'e lyknammige [[Alpha and Omega-searje|''Alpha and Omega''-searje]] fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[skriuwster]] [[Patricia Briggs]]. It is in [[fantasy (sjenre)|fantasy]][[novelle]] fan it subsjenre fan 'e [[urban fantasy]] dy't [[fertelperspektyf|skreaun is]] yn it [[personeel perspektyf|personele perspektyf]], en ferhellet oer it [[wearwolf|wearwolvepear]] Charles en Anna Cornick. ''Alpha and Omega'' waard foar it earst publisearre yn [[2007]] troch de [[New York (stêd)|New Yorkske]] [[útjouwerij]] [[Berkley Books]], as ûnderdiel fan 'e [[blomlêzing]] ''On the Prowl'' (yn 'e mande mei it wurk fan ferskate oare skriuwsters). Yn [[2014]] makke it ek diel út fan 'e bondel ''[[Shifting Shadows]]'' (útbrocht by [[Ace Books]]), dêr't Briggs fierders har [[koart ferhaal|koarte ferhalen]] yn sammele.
__TOC__
 
==Ynhâld==
Anna Latham is in jonge [[frou]] út [[Chicago]]. Trije jier lyn is hja op brute wize oanfallen troch de mâle [[wearwolf]] Justin, mei as gefolch dat hja sels ek yn in wearwolf feroare is. Yn 'e troep dy't oanfierd wurdt troch alfa Leo James wurdt Anna [[mishanneling|mishannele]] en [[seksueel misbrûk|misbrûkt]] en is se de leechste yn rangoarder fan alle wolven. Mar nettsjinsteande dat hawwe se har noch net lytsman krigen. Hja hat it [[tillefoan]]nûmer fan 'e marrok Bran Cornick taspile krigen, dy't hearsket oer alle wearwolven yn [[Noard-Amearika]], mar wifelet om dat te brûken. It triuwke dat se nedich is, kriget Anna as se op in dei de [[foto]] fan 'e fermiste Alan Mackenzie Frazier yn 'e [[krante]] stean sjocht, in jongeman fan wa't se wit dat Justin him ta wearwolf makke hat en dat Leo him dêrnei oan in [[laboratoarium]] ferkocht hat.
Rigel 49:
[[Kategory:Ingelsktalige novelle]]
[[Kategory:Novelle út 2007]]
[[Kategory:Literatuer oer wearwolven]]