Moon Called: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
kt
Rigel 21:
}}
'''''Moon Called''''' (letterlik: "Roppen troch de Moanne") is it earste diel fan 'e ''[[Mercy Thompson]]''-rige fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[skriuwster]] [[Patricia Briggs]]. It is in [[fantasy (sjenre)|fantasy]][[roman]] fan it subsjenre fan 'e [[urban fantasy]], dy't [[fertelperspektyf|skreaun is]] yn it [[ik-perspektyf]], en ferhellet oer de Amerikaanske [[monteur]] Mercedes "Mercy" Thompson, in jonge [[frou]] fan heal-[[Yndianen|Yndiaansk]] komôf dy't [[stalferwikseling|harsels feroarje kin]] yn in [[prêrjewolf]]. ''Moon Called'' waard foar it earst publisearre yn [[2006]], troch de [[New York (stêd)|New Yorkske]] [[útjouwerij]] [[Ace Books]], as [[hardcover]]edysje. Letter ferskynden der ek werprintingen yn [[paperback]]foarm by de [[Grut-Brittanje|Britske]] útjouwerij [[Orbit Books]]. ''Moon Called'' wie in grut súkses en krong de [[bestseller]]list fan 'e [[krante]] de ''[[USA Today]]'' binnen. Yn [[2015]] ferskynde fan dit boek ûnder de titel ''Onder de Maan'' in [[Nederlânsk]]e [[oersetting]] fan 'e hân fan Valérie Janssen by [[Uitgeverij De Fontein]] te [[Utert (stêd)|Utert]].
__TOC__
 
==Ynhâld==
Mercedes "Mercy" Thompson is in jonge [[frou]] dy't yn 'e [[Tri-Cities (Washington)|Tri-Cities]] ([[Richland (Washington)|Richland]]-[[Kennewick (Washington)|Kennewick]]-[[Pasco (Washington)|Pasco]]), yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Washington (steat)|Washington]], as [[monteur]] wurket en in eigen [[garaazje (bedriuw)|garaazje]] runt. Hja is fan heal-[[Yndianen|Yndiaansk]] komôf, mei in [[jeropide ras|blanke]] [[mem]] en in [[heit]] dy't nei't it skynt in [[Swartfuotten (folk)|Swartfuotske]] [[rodeo]]cowboy wie, dy't foar har berte by in ferkearsûngemak om it libben kommen is. Fan dy heit dy't se nea kennen hat, hat se it fermogen urven om har yn in [[prêrjewolf]] (koyote) [[stalferwikseling|te feroarjen]]. Nettsjinsteande har eigen [[boppenatuerlike]] fermogens en it feit dat har buorman in [[wearwolf]] is, har âlde baas in [[ierdgeast]] en ien fan har klanten in [[fampier]], hat Mercy dochs in relatyf normaal libben opboud.
Rigel 48:
[[Kategory:Ingelsktalige roman]]
[[Kategory:Roman út 2006]]
[[Kategory:Literatuer oer fampieren]]
[[Kategory:Literatuer oer wearwolven]]
[[Kategory:Literatuer oer elven]]
 
[[en:Mercy Thompson#Appearances]]