Sergius en Bakkus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks hillige | ôfbylding = Saints Sergius and Bacchus - 1.jpg | ôfbyldingstekst = <center>''Sergius en Bacchus op in 20e iuwsk ikoan yn it M..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 3 jul 2019 om 09.10

[[File:|thumb|260px|

Sergius en Bacchus
   hillige
Sergius en Bacchus op in 20e iuwsk ikoan yn it Mar Sarkiskleaster fan Maaloula
Sergius en Bacchus op in 20e iuwsk ikoan yn it Mar Sarkiskleaster fan Maaloula
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Romeinsk
bertedatum ûnbekend
stjerdatum ±303
stjerplak Bacchus yn Syrje; Sergius yn Resafa, Syrje
wurkpaad
berop ofsier
hillichferklearring
sillich ferkl. ûnbekend
hillich ferkl. ûnbekend
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
Eastersk-Otterdokse Tsjerke
Oriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken
hjeldei 7 oktober
attributen palm, swurd, as soldaat op it hynder
patroan fan Arabyske kristenen, Syrje, leger
Sergius en Bacchus

]]

Sergius en Bacchus († 303) binne kristlike hilligen. Harren feestdei is 7 oktober. Yn de ikonografy wurde Sergius en Bacchus yn 'e regel ôfbylde as romeinske soldaten mei in palm en it swurd.

Hagiografy

Neffens de oerlevering wiene Sergius en Bacchus hege ofsieren yn it romeinske grinsleger. Hja stiene heech yn oansjen by de keizer oant ûndutsen waard dat se harren temûk bekeard hiene ta it kristendom. De twa manlju hiene harren fertocht makke doe't se bûten stean bleaune, wylst de rest fan harren selskip in heidenske timpel yngyng om dêr te offerjen. Doe't se hoekholden yn 'e wegering om yn it selskip fan Maksimianus oan Jupiter te offerjen waarden se yn it iepenbier fernedere troch yn frouljusklean troch de stêd te paradearjen.

Maksimianus droech de twa manlju dêrnei foar it berjochtsen oer oan Antiochus, de militêre kommandant fan Barbalissos yn Mesopotaamje. It slagge Antiochius net om Sergius en Bacchus safier te krijen dat se harren nije leauwe opjoegen en dêrop folge it marteljen fan beide manlju. Bacchus krige sa bot mei de swipe dat er it libben liet. In dei letter besocht de geast fan Bacchus Sergius om him oan te moedigjen hoek te hâlden, sadat se yn 'e himel foar altiten byinoar bliuwe koene. Ek Sergius waard tamtearre, mar hy oerlibbe it en waard dêrnei ûnthalze.

Ferearing

 
De yn de 5e iuw boude basilyk dy't oer it grêf fan Sergius en Bacchus boud waard

De twa hilligen waarden yn it Eastlike Romeinske Ryk fereare as beskermers fan it leger. Al yn de 4e iuw waard yn Kaïro in oan de beide hilligen wijde tsjerke boud (de de Abu Serga-tsjerke).

Oer it grêf fan de twa martlers yn Resafa, Syrje, waard in grutte basilyk boud, dy't troch grutte tallen pylgers besocht waard. De stêd Resafa krige om 425 hinne de namme Sergiopolis. De basilyk is hjoeddedei as ruïne bewarre bleaun.

Justinianus I liet yn it jier 527 foar de twa hilligen yn Konstantinopel de Sergius- en Bacchustsjerke (ek bekend ûnder de namme Lytse Hagia Sofia) bouwe, dy't nei alle gedachten model stie foar de San Vitale-tsjerke yn Ravenna. Nei de ferovering fan Konstantinopel troch Mehmet II yn 1453 waard dy tsjerke yn in moskee feroare. Ek yn Rome (de Santi Sergio e Bacco-tsjerke) en Tours waarden oan de hilligen wijde tsjerken boud. Yn Teheran is de Armeenske Sarkiskatedraal nei Sergius ferneamd.

LGBT

De ferskate tradysjes jouwe in soad omtinken oan de ynlike freonskip fan de twa hilligen. Se binne ien fan de bekendste foarbylden fan in hilligenpear. De Amearikaanske histoarikus John Eastburn Boswell (berne 20.04.1947 – ferstoarn 24.12.1994) beskôge de twa as de meast ynfloedrike set fan sa'n archetype. Yn syn Same-Sex Unions in Premodern Europe woe Boswell ha dat harren relaasje sjoen wurde kin as in romantyske ferhâlding. Hy skreau dat de âldste tekst fan harren martyrologium se beskriuwt as erastai, oer te setten as "beminden". Boswell suggerearret sels dat Sergius en Bacchus feriene wiene yn in rite dy't bekend stie as adelphopoiesisof (in soarte fan bloedbruorskip), itjinge syn (kontroversjele) stelling ûnderstypje moast dat de earste kristenen in foarm fan homohoulik akseptearren.

De Fransiskaanske ikoanenskilder Robert Lentz makke yn 1994 in ikoan fan de twa hilligen, dat ûnder homoseksuële kristenen in populêr homosymboal woarn is.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Sergius and Bacchus