Wikipedy oerlis:Mienskip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Gearfetting: By Feandam stiene 6 stimmen wylst der mar fiif meidoggers stimd hawwe. Ik haw yn 'e skiednis socht en fêststeld dat Frou Watzema by fersin twa kear stimd hat.
→‎Stimmerij (2): nije seksje
Rigel 2.747:
::*Wat soe by ferfryskjen liedend wêze moatte: de werkenberheid, de Fryske foarheaksels stean litte (New=>Nij, Laag=>Leech), analogy of histoaryske ôflieding.. ensfh.? Om nije (en âlde) brûkers hâldfest te jaan binne meardere (ûngelikense) ferfryskings foar inselde plak net winsklik. Om dat foar te kommen en op te lossen jout in standertlist wat dúdlikheid en hâldfêst. Dat is gjin edikt, mar in helpmiddel dat yn goed oerlis ta stân komd is. Boppedat kin sa'n list nei ferfolchoerlis fergrutte of ynkoarten wurde. [[Meidogger:Frou Watzema|Frou Watzema]] ([[Meidogger oerlis:Frou Watzema|oerlis]]) 29 jun 2019, 08.32 (CEST)
Dêrom. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|oerlis]]) 29 jun 2019, 21.52 (CEST)
 
== Stimmerij (2) ==
 
{{Ping|Drewes|Frou Watzema|RomkeHoekstra|Kneppelfreed}} No, ik leau net dat der noch oaren binne dy't oer dizze saak meiprate wolle, dat we moatte mar fierder. Ik ha my der de holle oer brutsen hoe't we dizze saak it flotst ôfhannelje kinne, mar ik haw wat betocht dêr't we de list fluch folle koarter mei meitsje kinne.
*As we útgeane fan it prinsipe "de measte stimmen telle", dan kinne we alle plaknammen dêr't in dúdlike mearderheid foar ien fan 'e mooglikheden is, sûnder fierdere diskusje út 'e list helje (en it byhearrende artikel sa litte of oanpasse, ôfhinklik fan wat der út de bus kommen is).
*As der lykwols plaknammen binne dêr't de kar net op 'e mooglikheid fallen is dy't ien of mear fan jim graach hawwe woene, en jim hawwe slimme problemen mei de útkomst, dan moatte we it dêr noch al oer hawwe. Om soks even dúdlik oan te jaan, soe ik jim freegje wolle om dit symboal [[File:Circle-question-red.svg|20px]] yn 'e tabel-sel fan dy plaknamme te pleatsen, graach even mei <nowiki>~~~~</nowiki> derefteroan, sadat we witte wa't dy plaknamme foardroegen hat foar fierdere diskusje. Iksels haw bygelyks fjouwer plaknammen foar fierdere diskusje foardroegen dêr't de stimmerij tsjin it gebrûk yn boarnen bûten de Wikipedy yn giet.
*Dan bewarje we de plaknammen mei it symboal [[File:Circle-question-red.svg|20px]] en dy, dêr't net ien fan 'e mooglikheden in mearderheid helle hat, foar fierdere diskusje.
Dus myn fraach is oft jimme allegear noch ien kear de list even bylâns rinne kinne en besjen kinne wat de útslach wurdt sa't dy der no stiet en oft jimme jim dêr yn fine kinne.
Werom nei de projektside "Mienskip".