Dronryp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 28:
Dronryp beslacht likernôch 214&nbsp;[[hektare|ha]], wêrfan't 9&nbsp;ha út [[oerflaktewetter]] bestiet.<ref>[https://drimble.nl/buurten/19080001/dronrijp.html Statistyske ynformaasje oer Dronryp]</ref> It doarp leit yn it noardwestlike diel fan 'e provinsje [[Fryslân]], op 'e [[Klaaistreek|Klaai]], likernôch 8 km rjocht bewesten [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Fuort besiden it doarp leit de âlde súdgrins fan 'e [[Bouhoeke]], dêr't oant in jier as tritich lyn de [[Greidhoeke]] begûn en dy beide [[lânbou]]gebieten mei in frij skerpe demarkaasjeline faninoar skaat waarden. Tsjintwurdich is dy oergong lykwols folle stadiger, mei't yn 'e Bouhoeke it [[greidlân]] optein is, wylst troch de bou fan [[maïs]] no yn 'e Greidhoeke ek wol [[boulân]] foarkomt. Likernôch op datseldichste plak, fuort besuden Dronryp, leit in grut ferhef yn it lân, dat yn 'e lêste [[iistiid]] opsmiten is troch de [[gletsjer]]s, en dêr't no de súdlike tagongswei oerhinne rint.
 
Dronryp hat foarhinne altyd ta de gemeente [[Menameradiel]] heard, oant it per [[1&nbsp;jannewaris]] [[2018]] ûnder de nije fúzjegemeente [[De&nbsp;Waadhoeke]] kaam te fallen. De Rypster [[himrik]] grinzget yn it noarden oan [[Menaam]], yn it noardwesten oan [[Skingen]] en yn it easten oan [[Deinum]] en [[Blessum]]. Yn it westen grinzget Dronryp oan it [[Frjentsjerteradiel]]ster doarp [[Sweins]], en yn it suden (fan west nei east) oan 'e [[Littenseradiel]]ster doarpen [[Wjelsryp]], [[Baaium]], [[Winsum (Fryslân)|Winsum]], [[Húns]] en [[Hilaard]]. It doarp Dronryp sels leit ynklamme tusken de [[Rykswei 31]] oan 'e noardkant en it [[Van Harinxmakanaal]] oan 'e súdkant, al stekt de beboude kom in lyts eintsje oer dat wetter hinne út. It lytse diel fan it doarp oan 'e súdkant fan it [[kanaal (wetterwei)|kanaal]] is mei de rest fan Dronryp ferbûn troch de (fierders nammeleaze) [[Brêge oer it Van Harinxmakanaal (Dronryp)|brêge oer it Van Harinxmakanaal]], dy't yn [[2018]]-[[2019]] hielendal fernijd waard. In kilometer as twa besuden it doarp leit de [[útbuorren]] [[Hatsum]], mei in [[Stasjon Dronryp|eigen stasjon]] oan it [[spoarwegen|spoar]] fan [[Stasjon Ljouwert|Ljouwert]] nei [[Stasjon Harns Haven|Harns]]. Eastlik fan 'e beboude kom, oan it Van Harinxmakanaal, leit [[De Puollen (Dronryp)|De Puollen]], dat foarhinne ek as in útbuorren beskôge waard.
[[File:Dronrijp.DePosthoorn.JPG|thumb|250px|Kafee ''De Posthoorn'']]
[[File:Dronryp StatesPleatsen.jpg|thumb|250px|States en pleatsen yn en om Dronryp ([[Schotanusatlas]])]]