Ferskil tusken ferzjes fan "Meidogger oerlis:Drewes"

Jo wisken okkerdeis de troch my oanmakke side ''Hurdraversdyk'' yn ''Hurddraversdyk (De Jouwer)''. Dat der mear Hurddraversdiken binne soe best kinne. Mar troch it fuortsmiten fan ''Hurddraversdyk'' gie ek de skiednis fan dy side ferlern. Dat soe net moatte, op Wikipedy moat de skiednis fan in side ek foar gewoane brûkers nei te rinnen wêze. (útsein cyberpesten, fandalisme en copyrightskeinen en sa, dat moat fansels al wiske wurde). Boppedat liket it no yn de skiednis fan de side oft jo de side Hurddraversdyk oanmakke ha, en dat kloppet net. Soks kin foarkomd wurde troch it omneamen fan de oarspronklike side ''Hurddraversdyk'' yn ''Hurddraversdyk (De Jouwer)'' om dêrnei fan ''Hurddraversdyk'' in trochferwiisside te meitsjen. Graach jo útlis. [[Meidogger:Frou Watzema|Frou Watzema]] ([[Meidogger oerlis:Frou Watzema|oerlis]]) 9 jul 2019, 08.57 (CEST)
:{{Ping|Frou Watzema}} Jo hawwe folslein gelyk. Unbetochtsumens fan my. Ik ha jo as skriuwster fan it stik neamd op de oerlisside. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|oerlis]]) 9 jul 2019, 20.30 (CEST)
::It giet my der beslist net om mei namme neamd te wurden, dat wie mar in bykomstichheid, It giet my foaral om de skiednis fan siden lêze te kinnen. As moderator kinne jo de fuortsmiten side dochs gewoan weromsette? Dan kinne jo dêrnei dochs gewoan de goede proseduere folgje? [[Meidogger:Frou Watzema|Frou Watzema]] ([[Meidogger oerlis:Frou Watzema|oerlis]]) 9 jul 2019, 21.18 (CEST)
7.481

bewurkings