Ekslo: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 2:
'''Ekslo''' ([[Drintsk]]: ''Eksel'', [[Nederlânsk]]: ''Exloo'') is in [[doarp]] yn [[Drinte]], gemeente [[Borger-Odoorn]], op de [[Hondsrug]]. Ekslo telde (neffens ynformaasje fan de gemeente Borger-Odoorn) op 1 jannewaris 2007 1767 ynwennners (869 manlju en 898 froulju). Yn it doarp stiet it gemeentehûs fan de gemeente, hoewol't it net it grutste plak is.
 
Ekslo is in karakteristyk [[esdoarp]] op de DrintseDrintske sângrûnen, wyls útwreide mei inkele nijbouwiken, dat tsjintwurdich in soad toeristen lûkt. Inkele attraksjes binne [[Kabouterlân]], in bernebistepark, en it Kultuerhistoarysk Museum Bebinghehoes. Dêrneist wurde troch de Feriening Doarpsbelangen Ekslo meardere aktiviteiten op tou setten. De twa belangrykste binne it SkiepskeardersfeestSkieppeskeardersfeest mei in Nederlânsk kampioenskip ambachtlik skiepskearenskieppeskearen, en it Festival fan Alde Ambachten.
 
It doarp hat meardere foarsjennings, wêrûnder in iepenbiere basisskoalle, sportfjilden, in maneezje, in swimbad, in VVV-kantoar, in supermerk en ferskate winkels en horekagelegenhedenhoarekagelegenheden. Yn de buert fan it doarp leit bungalowpark de Hunzebergen.
 
[[Ofbyld:Molenveld (2), Exloo, The Netherlands.jpg|thumb|left|''Molefjild'']]
Rigel 13:
 
== Skiednis ==
De namme Ekslo tsjut op de iere oanwêzichheid fan bosk yn it gebiet. De namme fan it doarp is nei alle gedachten ûntstien út de Ald-SakssyskeSaksyske wurden ''ek'' ([[iik]]) en ''loo'' (bosk). Hoewol't Odoorn it sintrum wie fan it kerspelkarspel dêr't ek Ekslo en [[Valthe]] ta hearden, wie Ekslo lange tiid kwa ynwennertal it wichstichstewichtichste doarp fan de gemeente [[Odoorn]]. It doarp telde yn 1612 112 ynwenners, tsjin Odoorn 92 en Valthe 61. Doe't de ûntginning fan de Eksloër- en Valthervenen begûn, waard it doarp al gau oerfleugeleoerskade troch [[Twadde Exloërmond]] en benammen [[Valthermond]].
 
In soad Drintske sândoarpen waarden eartiids teistere troch grutte doarpsbrânen. Ek Ekslo ûntkaam der net oan: yn 1884 baarnden achttjin wenningen yn it doarp finaal ôf. Ek it gemeentehûs, dat yn 1870 ferhuze waard fan Odoorn nei Ekslo en ûnderbrocht wie yn loazjemint Bussemaker, foel as proai fan de flammesee. Dêrfoar setele it yn Valthe, mar ek yn yn Odoorn, yn in diel fan in pleats.