Kok: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
horeka---->hoareka
 
Rigel 1:
[[File:Cooks_050918_154402.jpg|right|thumb|220px|Koks oan it wurk.]]
{{Oar|it berop kok|kok (betsjuttingsside)}}
In '''kok''' (meartal: koks) is immen dy't foar syn [[berop]] [[itensieden|itensiedt]]. In [[frou]]like kok is in '''kokkinne'''. Soms wurde de termen 'kok' en 'sjef' (of [[sjefkok]]) as [[synonym]] brûkt, mar yn in profesjonele [[koken]] betsjutte dy nammen net itselde. In kok hat yn 'e regel in [[koksoplieding]] folge, en kin wurkje yn in [[restaurant]], in [[hotel-restaurant]], in [[bistro]], op in [[skip]], yn in [[kazerne]], by in [[catering]]bedriuw, yn in [[soarchynstelling]] of yn 'e húshâlding fan in ryk of foaroansteand persoan, lykas (foarhinne) in grutgrûnbesitter of in [[steatshaad]]. Yn 'e [[horekahoareka]] hat in kok nea fêste wurktiden, om't men nea wit wannear't der in protte klanten komme en hoelang't dy sitten bliuwe. It berop fan kok omfiemet sadwaande in soad jûns- en wykeinwurk, mei net selden lange [[wurkdei|wurkdagen]]. Foarhinne hiet in kok yn oplieding in '''koksmaat''' of in '''koksjonge'''. Immen sûnder in profesjonele koksoplieding dy't gewoan graach itensiede (of kokkerelje) mei, wurdt wol in amateur-kok neamd.
 
Guon bekende koks binne: