Restaurant: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
kt
Rigel 1:
{{wurk}}
[[File:Stationsrestauratie Deventer 2010.jpg|right|thumb|250px|It stasjonsrestaurant fan [[Dimter]].]]
In '''restaurant''' is in [[iepenbiere gelegenheid]] dêr't tsjin betelling [[iten]] wurde kin. Yn 'e mande mei [[hotel]]s en [[kafee]]s wurde restaurants ek wol oantsjut as de [[horekahoareka]]. It restaurant fan no is oan 'e ein fan 'e [[achttjinde iuw]] ûntstien yn 'e [[Frankryk|Frânske]] [[haadstêd]] [[Parys]]. Earder bestiene der ek al iepenbiere gelegenheden dêr't iten wurde koe, mar dat wiene [[herberge]]n (dêr't men benammen hinne gie om ûnderweis te oernachtsjen en dan iet wat de pot skafte) of [[ythûs|ythuzen]] (dy't mear wei hiene fan moderne [[kafetaria|kafetaria's]] as fan restaurants). De fernijing dy't oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw plakfûn, omfieme it ûntstean fan in ferfyndere foarm fan it ythûs, dêr't men net inkeld hinne gie om te iten, mar ek om it derhinne gean op himsels, en dêr't men kieze koe út ferskate mooglike [[gerjocht]]en (''menu à la carte'').
 
De namme 'restaurant' soe fan it [[Frânsk]]e ''restaurer'' ("bykomme", "reparearje") komme, dat ferwiisde nei in fersterkjend krêftich [[sop (gerjocht)|sop]] da't al fan 'e [[sechstjinde iuw]] ôf optsjinne waard. Yn [[1765]] waard yn Parys in ythûs iepene dêr't men kieze koe út ferskate fan sokke soppen, dy't oanpriizge waarden as ''soup restaurante'' (in "fuortsterkjend sop"). Meitiid ûntwikkele him dêrút it wurd restaurant. Fan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde iuw]] waarden restaurants ek fêstige yn of by grutte [[trein]]stasjons, sadat de reizgers dêr ite koene.
Line 17 ⟶ 16:
[[Kategory:Restaurant| ]]
[[Kategory:Iepenbiere gelegenheid]]
[[Kategory:HorekaHoareka]]
[[Kategory:Lienwurd út it Frânsk]]