Garnizoen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
No edit summary
 
Rigel 3:
Yn it lêste gefal wie it de baas om derfoar te soargjen dat der sa min mooglik bannen tusken de soldaten fan it garnizoen en de befolking fan it garnizoensplak bestiene, en sadwaande waarden soldaten faak yn 'e frjemdte legere. Teffens moast men de ienheden dy't it garnizoen foarmen, teminsten om 'e pear jier rûlearje nei in oar garnizoensplak, om't se by langere stasjonearring op ien en itselde plak faak dochs bannen mei de pleatslike befolking ûntwikkelen.
 
[[Ekonomy]]sk sjoen sil in garnizoensplak faak baat hân hawwe by de legering fan in garnizoen, dat ommers ek ite en drinke en him fermeitsje moast. Benammen de [[horekahoareka]] en [[bordeel|bordelen]] fearen dêr wol by. As by in hommelse legering fan in garnizoen der gjin of in te lytse [[kazerne]] wie, kaam it foar dat soldaten by de boargerbefolking [[ynkertiering|ynkertiere]] waarden. Dat woe sizze dat elts boargerhúshâlden ferplichte waard om ien of mear soldaten te húsfêstjen.
 
{{boarnen|boarnefernijing=