Brielle: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Gem-Brielle-OpenTopo.jpg|thumb|thumb|Topografyske gemeentekaart fan Brielle, desimber 2015]]
'''Brielle''', (ek wol, benammen [[histoarysk]], '''Den Briel''',) is in stêd en gemeente yn de Nederlânske provinsje [[Súd-Hollân]] dat leit op it eilân Voorne. De gemeente beslacht 31,32 km² wêrfan’t 3,71 km² wetteroerflak is. Neist de stêd Brielle lizze yn de gemeente Brielle ek de doarpen Vierpolders en Zwartewaal. Brielle hat 12.160 ynwenners. De gemeente is ûnderdiel fan it gearwurkingsferbân Stedsregio Rotterdam en de Metropoalregio Rotterdam-De Haach.
 
Brielle leit oan de Brielske Mar, in ôfdamme stik fan de [[Maas]] dat as rekreaasjegebiet ûntwikkele is. It leit oan de eastkant fan de âlde fargeul Brielske Gat.<ref>[http://www.debrielsemaasmond.nl/ ''Geschiedenis van de Maasmond'' debrielsemaasmond.nl]</ref> Oant [[1700]] waard dat wetter brûkt as ferbining nei Rotterdam, dêrnei waard it troch fersâning minder goed befarber. It Goereeske Gat wie in alternatyf.