Seahopper: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw der foto's bysetten.
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw der modellen derby setten, mar allinnich de Scamp is al útwurke.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Lighter as roeiboat.jpg|thumb|right|Lighter as roeiboat]]
De '''Seahopper''' is in ien- of twapersoans optearboat mei is stekswurd. De romp is in opboud út fjouwer panielen dy't iepentearje ta in [[knikspant]], mei [[preamstjûne]]n. Seahoppers kinne brûkt wurde as [[roeiboat]], as in moterboatsje of as [[sylboat]]. As sylboat binne de Seahoppers ornaris [[gaffel (silen)|gaffel]]tugetúch. De seilen fan in Seahopper hawwe lang read west, fanwege de sibskip mei de [[Mirror (sylboat)|Mirror]], mar tsjintwurdich binne der ek Seahoppers mei wite seilen.
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Lighter mei seil.jpg|thumb|right|Lighter as seilboat]]
De Seahopper is yn [[1974]] ûntwikkele troch Geoff Lennard. In tsien jierren letter hat er it bedriuw oerdien oan syn wurknimmer Steve Rea.<ref>Carrie Lennard, yn in reaksje op in artikel op ''around Wellington'' http://www.aroundwellington.co.uk/wellington-boats-travel-the-world</ref> Oant 1997 hie it bedriuw allinnich de twa lytsere modellen. Dat jier, lykwols, waard fanwege in fersyk fan Mark Walters de Kontender ûntwikkele: In gruttere sylboat dy't like op de [[Mirror (sylboat)|Mirror]]. In pear jier lang hawwe Rea and Walters tegearre de trije modellen boud en ferkocht. Lykwols gongen hja likernôch 2002 út elkoar, en kamen der twa makkers fan Seahoppers: ''Seahopper'' and ''Stowaway''. Stowaway moast fanwegen in rjochtssaak de boaten in oare namme jaan. Troch de jierren kamen der ek mear ferskillen tusken de boaten fan de twa. Letter gong Stowaway oer op in keunststof model, mar it bedriuw is sûnt ophâlden (''foar 2017'').
 
== Modellen ==
Der binne trije modellen fan Seahoppers:<ref name="sh">[http://www.seahopperfoldingboats.com Seahopper Folding Boats]</ref>
 
=== Scamp ===
De Scamp it it lytste model Seahopper, 2,03m lang. It is in lytse roeiboat, en der kin in hâlder foar in oanhingmotor op setten wurde dat it model mei motor brûkt wurde kin. Der binne twa soarten túch foar it silen: Der kin in [[lôgertúch]] op brûkt wurde of in gaffeltúch mei allinnich in [[grutseil]].
 
Tusken 1997 en 2000 waard dit model oantsjut as ''SeaScamp'', en dêrnei waard it de ''Crafty Scamp''. Sûnt begjin 2017 is it de ''Scamp''.
 
=== Lighter ===
Dit is it middelste model, wat alle tuchen en opsjes brûke kin.
 
=== Kondor ===
Dit is it grutste model, fergelykber mei de Mirror.
 
== Keppeling om utens ==