Edinburgh: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk hat de side Edinburch omneamd ta Edinburgh: sjoch stimming op Wikipedy oerlis:Mienskip
L red
Rigel 12:
Namme bestj. ienh. 1= [[File:Flag of Scotland.svg|20px]] [[Skotlân]] |
Bestj. ienh. 2= Gemeente |
Namme bestj. ienh. 2= [[File:Flag of Edinburgh.svg|20px]] EdinburchEdinburgh |
Stifting= <[[7e iuw]] |
Tiidsône= [[UTC]] |
Rigel 19:
Webside= [http://www.edinburgh.gov.uk/ www.edinburgh.gov.uk]|
}}
[[File:City_of_Edinburgh_in_Scotland.svg|left|thumb|200px|De lizzing fan EdinburchEdinburgh yn [[Skotlân]].]]
[[File:Edinburgh in the 17thC (detail) by Wenceslas Hollar (1670).jpg|left|thumb|200px|EdinburchEdinburgh yn 'e [[17e iuw]].]]
'''Edinburgh''', soms ferfryske ta '''Edinburch''' of '''Edinboarch''' ([[Ingelsk]]: ''Edinburgh'', [[Skotsk]]: ''Embra'', ''Embro'' of ''Edinburrie'', [[Skotsk-Gaelysk]]: ''Dùn Èideann'', [[poëzij|poëtysk]]: ''Edina'' of ''Dunedin''), is de [[haadstêd]] fan it [[Grut-Brittanje|Britske]] lânsdiel [[Skotlân]]. Dit plak leit yn 'e krite [[Lothian]], oan 'e eastkust fan Skotlân en de súdkust fan 'e [[Firth fan Forth]], en draacht yn it [[Skotsk]] de [[flaainamme]] ''Auld Reekie'' ("Ald Stjonkert"). Neffens in offisjele skatting út [[2014]] hie EdinburchEdinburgh doe 465.000 ynwenners, wêrmei't it de op ien nei grutste [[stêd]] fan Skotlân is (nei [[Glasgow]]), en de op seis nei grutste stêd fan it [[Feriene Keninkryk]]. As [[stêdekloft]] hat EdinburchEdinburgh mei alle [[foarstêd]]en derby in [[befolking]] fan goed 1,3 miljoen [[minske]]n. Histoarysk stiet EdinburchEdinburgh bekend as in sintrum fan [[ûnderwiis]] (yn 't bysûnder op it mêd fan 'e [[genêskunde]]), it [[rjocht]], [[literatuer]], [[wittenskip]]pen en [[technology]].
 
==Geografy==
EdinburchEdinburgh leit yn it sintrale leechlân fan [[Skotlân]], oan 'e súdlike kust fan 'e [[Firth fan Forth]], dat in [[ynham|see-earm]] fan 'e [[Noardsee]] is dy't djip yn Skotlân ynsnijt, en dêr't fierder westlik de [[rivier]] de [[Forth (rivier)|Forth]] yn útmûnet. De iepen [[Noardsee]] leit eins 42&nbsp;km eastlik fan EdinburchEdinburgh. Súdlik fan 'e stêd rize de [[Pentlânheuvels]] op. EdinburchEdinburgh makket diel út fan 'e krite [[Lothian]] (histoarysk fan [[Midlothian]]), en ûntstie oarspronklik deunby de [[heuvel]] [[Castle Rock (EdinburchEdinburgh)|Castle Rock]].
 
De moderne stêd wurdt wol fan sein dat er krekt as [[Rome (stêd)|Rome]] op sân heuvels boud is. Njonken Castle Rock binne dat [[Calton Hill]], [[Corstorphine Hill]], [[Craiglockhart Hill]], [[Braid Hill]], [[Blackford Hill]] en [[Arthur's Seat]]. Dy lêste heuvel, Arthur's Seat, is eins in [[deade fulkaan|deade]] [[fulkaan]]. Troch EdinburchEdinburgh hinne streamt in [[rivier]]ke dat it [[Wetter fan Leith]] hjit, en dat bewesten de stêd útmûnet yn 'e Firth fan Forth. It sintrum fan EdinburchEdinburgh wurdt yn midstwa spjalte troch [[Princes Street]] (de "Strjitte fan 'e Prinsen"). Oan 'e súdkant leit [[Old Town (EdinburchEdinburgh)|Old Town]], it âldste diel fan 'e stêd, en oan 'e noardkant leit [[New Town (EdinburchEdinburgh)|New Town]], dat in stik minder âld is (mar al lang gjin "Nije Stêd" mear).
[[File:Edinburgh Castle princes.jpg|left|thumb|250px|It [[Kastiel fan EdinburchEdinburgh]].]]
 
==Skiednis==
[[Minske|Minsklike]] bewenning giet yn 'e krite fan EdinburchEdinburgh, op grûn fan [[argeology]]ske fynsten, teminsten werom oant 10.500 jier lyn. De stêd sels waard foàr de [[sânde iuw]] stifte troch iere [[Kelten|Ketyske]] bewenners fan Lothian, dy't in [[fêsting]] op 'e heuvel Castle Rock oanleine. Yn [[638]] waard Lothian ferovere troch de [[Angelen]], en waard it in ûnderdiel fan it [[Keninkryk Noardumbrje]]. EdinburchEdinburgh bleau yn 'e hannen fan wat letter de noardlike [[Angelsaksen]] waarden oant it omtrint [[950]] ferovere waard troch it [[Keninkryk Skotlân]]. Yn 'e iere [[tolfde iuw]] krige EdinburchEdinburgh [[stedsrjochten]] fan [[kening]] [[David&nbsp;I fan Skotlân]]. Tsjin 'e midden fan 'e [[fjirtjinde iuw]] (om [[1366]] hinne) waard it foar it earst neamd (troch de [[Frankryk|Frânske]] [[kronyk]]skriuwer [[Jean Froissart]]) as de [[haadstêd]] fan Skotlân. Nettsjinsteande ferskate ferwuostgings troch de [[Ingelân|Ingelsen]], lykas yn [[1356]] (ûnder de [[Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch]]) en yn [[1544]] (ûnder de saneamde [[Rûge Hofmakkerij]]) kaam EdinburchEdinburgh dy klappen frij gau wer te boppe.
 
Yn 'e [[sechstjinde iuw]] wie EdinburchEdinburgh it sintrum fan 'e [[Skotske Reformaasje]]. Nei't de Skotske kening [[Jakobus VI fan Skotlân|Jakobus&nbsp;VI]] yn [[1603]] ek [[kening fan Ingelân]] waard en sadwaande mei syn hof nei [[Londen]] ferhuze, sakke EdinburchEdinburgh yn [[polityk]] opsjoch foargoed yn oansjen. Yn [[1638]] late it besykjen fan [[Karel I fan Ingelân|Karel&nbsp;I]] om in [[hierargy]]ske [[biskop]]pestruktuer te yntrodusearjen yn 'e [[Tsjerke fan Skotlân]] ta grut ferset fan 'e [[presbyterianisme|presbyterianen]] yn EdinburchEdinburgh en de rest fan Skotlân, dat úteinlik ta in hichtepunt kaam yn 'e [[Oarloggen fan de Trije Keninkriken]]. Yn 'e EdinburchskeEdinburghske [[Greyfriars Kirk (EdinburchEdinburgh)|Greyfriars Kirk]] waard doe it ferbûn (''[[Kovenanters|Covenant]]'') tekene troch in grut tal [[predikant]]en, [[eallju]] en [[boarger]]s. Neitiid waard EdinburchEdinburgh yn [[1650]] beset troch de Ingelske troepen fan [[Oliver Cromwell]] fanwegen de Skotske stipe foar de troansbestiging fan [[Karel II fan Ingelân|Karel&nbsp;II]].
[[File:Arthurs_seat_edinburgh.jpg|right|thumb|250px|Utsjoch oer EdinburchEdinburgh, mei op 'e eftergrûn de deade [[fulkaan]] [[Arthur's Seat]].]]
 
Nei't yn [[1707]] de [[personele uny]] tusken Ingelân en Skotlân omset waard yn in politikenien, ferlear EdinburchEdinburgh de status fan haadstêd fan in ûnôfhinklik lân. Yn 'e earste helte fan 'e [[achttjinde iuw]] ûntjoech de stêd him ta in wichtich sintrum fan it [[Jeropa|Jeropeeske]] [[bankwêzen]]. Under de [[Jakobityske Opstân fan 1745]] waard EdinburchEdinburgh in skoft lang beset troch Skotske [[opstanneling]]en ûnder lieding fan [[prins]] [[Karel Edwert Stuart]], better bekend as ''Bonnie Prince Charlie''. Yn 'e twadde helte fan 'e [[achttjinde iuw]] wie de stêd it hert fan 'e [[Skotske Ferljochting]] en krige it de bynamme "it [[Atene]] fan it Noarden", fanwegen alle grutte tinkers dy't har dêr sammelen, lykas [[David Hume]], [[Adam Smith]], [[James Hutton]] en [[Joseph Black]].
 
Tsjin [[1821]] wie EdinburchEdinburgh as it grutste plak fan Skotlân ynhelle troch de fluch groeiende [[yndustry]]stêd [[Glasgow]]. Healwei de iuw rekke Old Town almar mear yn ferfal, oant der yn 'e [[1860]]-er jierren grutskalich renovaasjewurk útfierd waard ûnder it liederskip fan [[boargemaster]] [[William Chambers (útjouwer)|William Chambers]]. Dêrfandinne dat it âlde hert fan 'e stêd sa'n [[fiktoriaanske tiid|fiktoriaanske boustyl]] hat. Oan it begjin fan 'e [[tweintichste iuw]] waard troch it krewearjen fan [[planolooch]] [[Patrick Geddes]] mear renovaasjewurk ferrjochte, mar troch de [[ekonomy]]ske stagnaasje yn it [[Ynterbellum]] rekke Old Town hieltyd mear [[ferpaupering|ferpaupere]] oant it stedssintrum yn 'e [[1960]]-er en [[1970]]-er jierren einlings en te'n lêsten op 'e nij oanpakt waard. Doe't [[Skotlân]] yn [[1999]], nei in [[referindum oer Skotsk selsbestjoer fan 1997|referindum oer dy kwestje]], [[selsbestjoer]] krige, waard EdinburchEdinburgh foar it earst yn hast trijehûndert jier wer de sit fan in nasjonaal [[parlemint]].
[[File:The_main_chamber,_the_Scottish_Parliament_-_geograph.org.uk_-_400523.jpg|left|thumb|260px|It ynterieur fan it [[Skotske Parlemintsgebou]].]]
 
==EdinburchEdinburgh hjoed de dei==
Histoarysk stiet EdinburchEdinburgh bekend as in sintrum fan [[ûnderwiis]] (yn 't bysûnder op it mêd fan 'e [[genêskunde]]), it [[rjocht]], [[literatuer]], [[wittenskip]]pen en [[technology]]. De [[Universiteit fan EdinburchEdinburgh]], dy't oprjochte waard yn [[1582]], is no ien fan 'e fjouwer [[universiteit]]en yn 'e stêd. Yn EdinburchEdinburgh stiet sûnt [[1999]] ek it [[Skotske Parlemint]], en dêrnjonken is it de sit fan 'e [[Grut-Brittanje|Britske]] [[monargy]] yn Skotlân. It is ek it plak dêr't de algemiene [[synoade]] fan 'e [[Tsjerke fan Skotlân]] op jierlikse basis gearkomt.
 
Fierders is EdinburchEdinburgh ferneamd om it [[Ynternasjonale Festival fan EdinburchEdinburgh]], dat sûnt [[1947]] bestiet en elts jier yn 'e [[simmer]] in grut tal [[toaniel]]opfierings en [[klassike muzyk|klassike-muzyk]]konserten nei de stêd ta hellet. [[Toerisme|Toeristyske]] attraksjes yn 'e stêd binne it ferneamde [[Kastiel fan EdinburchEdinburgh]], it [[Paleis fan Holyrood]], it [[Skotske Parlemintsgebou]], de [[Katedraal fan Sint-Giles]], de [[tsjerke]]n [[Greyfriars Kirk (EdinburchEdinburgh)|Greyfriars Kirk]], it [[Nasjonaal Museum fan Skotlân]], de [[Skotske Nasjonale Gallery]] en [[Canongate Kirk]], en de histoaryske [[Old Town (EdinburchEdinburgh)|Old Town]] en de [[18e iuw|achttjinde-iuwske]] [[New Town (EdinburchEdinburgh)|New Town]] (dy't tegearre op 'e [[Wrâlderfgoedlist]] fan 'e [[UNESCO]] steane). Niget kin men ek hawwe oan 'e saneamde ''Greyfriars Bobby'', in [[stânbyld|byldsje]] op it [[tsjerkhôf]] fan 'e Greyfriars Kirk fan it trouwe [[hûn]]tsje dat nei de dea fan syn baas jierrenlang de wacht hold by dy syn [[grêf]].
[[File:Museum_of_Scotland.jpg|right|thumb|250px|It [[Nasjonaal Museum fan Skotlân]].]]
[[File:Old College quadrangle, Edinburgh.JPG|right|thumb|250px|It Old College-gebou fan 'e [[Universiteit fan EdinburchEdinburgh]].]]
 
 
Rigel 66:
[[File:St._Giles,_Edinburgh.jpg|left|thumb|250px|De [[Katedraal fan Sint-Giles]].]]
==Demografy==
Neffens in offisjele skatting op grûn fan gegevens fan 'e Britske [[folkstelling]] fan [[2011]] hie EdinburchEdinburgh yn [[2014]] in [[befolking]] fan 464.990 [[minske]]n, wêrmei't it de op ien nei grutste [[stêd]] fan [[Skotlân]] is (nei [[Glasgow]]), en de op seis nei grutste stêd fan it [[Feriene Keninkryk]]. De [[befolkingstichtens]] bedroech 1.828,0 minsken de km². As [[stêdekloft]] hat EdinburchEdinburgh mei alle [[foarstêd]]en derby in befolking fan goed 1,3 miljoen minsken. Tusken [[2001]] en [[2011]] groeide de befolking fan EdinburchEdinburgh mei 6,2%.
 
Wat de [[ras (klassifikaasje fan minsken)|rasiale]] opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn [[2011]] sa: 91,7% [[jeropide ras|blanken]]; 5,5% [[Aazje|Aziaten]]; 1,4% [[negroïde ras|swarten]]; 1,4% oaren of fan mingd [[etnisiteit|etnysk]] komôf.
 
Fan 'e befolking fan EdinburchEdinburgh wie yn [[2011]] 84% berne yn it [[Feriene Keninkryk]] en 70% yn [[Skotlân]]. Der wennen yn EdinburchEdinburgh 58.000 minsken dy't berne wiene yn [[Ingelân]], en fan 'e 15,9% dy't bûten it Feriene Keninkryk berne wiene, kamen 13.000 út [[Poalen]], 8.600 út [[Ierlân]], 8.100 út [[Sina]], 6.500 út [[Yndia]], 5.900 út [[Pakistan]], 3.700 út 'e [[Feriene Steaten]], 3.500 út [[Dútslân]], 2.100 út [[Austraalje (lân)|Austraalje]], 2.000 út [[Frankryk]], 2.000 út [[Spanje]], 1.800 út [[Súd-Afrika]] en 1.800 út [[Kanada]].
 
Yn [[2011]] bestie fierders 43,0% fan 'e ynwenners fan EdinburchEdinburgh út [[kristendom|kristenen]] (mei de [[presbyterianisme|presbyteriaanske]] [[Tsjerke fan Skotlân]] as grutste denominaasje) en 2,6% út [[moslim]]s.
 
===Berne yn EdinburchEdinburgh===
[[File:Greyfriars_Bobby_statue,_Edinburgh.JPG|right|thumb|150px|It byldsje fan Greyfriars Bobby.]]
[[File:National_Gallery_of_Scotland,_Edinburgh.JPG|right|thumb|250px|De [[Nasjonale Gallery fan Skotlân]].]]
Rigel 106:
[[File:Edinburgh Bank of Scotland.JPG|right|thumb|250px|It haadkantoar fan 'e [[Bank of Scotland]].]]
 
===Stoarn yn EdinburchEdinburgh===
<!---dizze opsomming stiet op folchoarder fan stjerjier--->
* [[David II fan Skotlân|David II]] (1324-1371), [[kening fan Skotlân]]
Rigel 117:
 
==Klimaat==
EdinburchEdinburgh hat in [[seeklimaat]] mei koele [[simmer]]s en mylde [[winter]]s. Yn [[july]], de waarmste [[moanne (tiid)|moanne]], is de trochsneed [[temperatuer]] [[dei|oerdeis]] 19,1&nbsp;°C ([[nacht]]s 11,5&nbsp;°C), en yn [[desimber]], de kâldste moanne, is dat 7,0&nbsp;°C (nachts 1,3&nbsp;°C). Rekôrtemperatueren wiene 31,4&nbsp;°C op [[4 augustus]] [[1975]] en –14,6&nbsp;°C op ferskate dagen yn [[desimber]] [[2010]]. EdinburchEdinburgh kriget jiers trochinoar 704,3&nbsp;mm [[delslach (waar)|delslach]], en hat yn trochsneed 124,2 [[rein (delslach)|reinige]] dagen en 1.426,6 oeren [[sinne]]skyn yn 't [[jier]].
 
==Keppelings om utens==
*{{en}}[http://www.edinburgh.gov.uk/ Offisjele webside fan EdinburchEdinburgh]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Rigel 130:
{{Koördinaten|55_57_00_N_3_13_12_W_type:city(435790)_region:GB|55° 57' NB, 3° 13' WL}}
 
[[Kategory:EdinburchEdinburgh| ]]
[[Kategory:Plak yn Skotlân]]
[[Kategory:Haadstêd yn Jeropa]]