Firth fan Forth: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 14:
| Wetterfolume =
}}
De '''Firth fan Forth''' ([[Ingelsk]]: ''Firth of Forth''; [[Skotsk]]: ''Firth o Forth''; [[Skotsk-Gaelysk]]: ''Linne Foirthe'') is de grutte [[mûning]] (Skotsk: ''firth'') fan ferskate [[rivier]]en oan 'e [[east]]like [[kust]] fan [[Skotlân]]. Dit [[estuarium]], dat ek wol as in [[baai]] beskôge wurde kin, makket diel út fan 'e [[Noardsee]] en is ferneamd nei de [[Forth (rivier)|Forth]], de wichtichste rivier dy't deryn útkomt. Noardlik fan 'e Firth fan Forth leit de krite [[Fife]], en súdlik derfan leit de krite [[Lothian]]. De grutste [[stêd]] oan it wetter is de Skotske [[haadstêd]] [[EdinburchEdinburgh]]. [[Geology]]sk is de Firth fan Forth in [[fjord]]. Yn 'e [[Romeinske Tiid]] stie dit wetter bekend as ''Bodotria'', en yn 'e [[Aldnoarsk]]e [[sêge]]n wurdt it de ''Myrkvifjörd'' neamd.
 
==Geology==
[[Geology]]sk sjoen is de Firth fan Forth in [[fjord]], dy't yn 'e lêste [[iistiid]] foarme is troch de [[Forthgletsjer]]. It [[ôfwettering]]sgebiet beslacht in grut diel fan súdlik en sintraal Skotlân, oan 'e [[Ben Lomond]], [[Cumbernauld]], [[Harthill (Skotlân)|Harthill]] en [[Penicuik]] ta.
[[File:Firth of Forth from Edinburgh Castle.jpg|left|thumb|260px|De Firth fan Forth sjoen fanôf it [[Kastiel fan EdinburchEdinburgh]].]]
 
==Geografy en ekonomy==
De kusten fan 'e Firth fan Forth lizze besiedde mei [[stêd]]en en [[doarp]]en, wêrfan't de Skotske [[haadstêd]] [[EdinburchEdinburgh]] it grutst is. Fan [[ekonomy]]sk belang binne de [[petrogemy]]ske [[fabriken]] by [[Grangemouth]], de [[kommersje]]le [[skipswerf|skipswerven]] fan [[Leith]], de [[marine]]skipswerf by [[Rosyth]], de [[skipssloperij]] by [[Inverkeithing]] en de eardere [[boarplatfoarm]]werf by [[Methil]]. It binnenste part fan 'e Firth, tusken [[Kincardine]] en de [[North Queensferry]], is troch de jierren hinne hast de helte fan syn [[tij]]gebiet kwytrekke troch [[ynpoldering]]. Dat lân is no foar in diel yn gebrûk foar de [[lânbou]], mar foar it meastepart foar [[yndustry]] en it loazen fan [[jiske]] troch de [[koalesintrale]] [[Longannet Power Station]] by Kincardine.
 
Op twa plakken binne der [[brêge]]n oer de Firth fan Forth boud: de [[Kincardine-brêge]] en de [[Clackmannanshire-brêge]] by [[Kincardine]], en de [[Forth-brêge]], de [[Forth Road-brêge]] en de [[Queensferry Crossing]] fierder eastlik, fan [[North Queensferry]] nei [[South Queensferry]]. Fan [[1964]] oant [[1982]] bestie der fierders in [[tunnel]] ûnder de Firth fan Forth troch, dy't de [[koalemyn]] fan [[Kinneil]], oan 'e súdkant, ferbûn mei de koalemyn fan [[Valleyfield]], oan 'e noardkant. Nei't de minen útdien rekken, is dy myntunnel oan beide úteinen tichtmakke mei [[beton]], en sûnt is er, nei't men tinkt, op plakken ynstoarten en foar de rest folrûn mei wetter.
Rigel 36:
[[Kategory:Baai yn Skotlân]]
[[Kategory:Noardsee]]
[[Kategory:EdinburchEdinburgh]]
[[Kategory:Tijmûning]]