Seahopper: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw der modellen derby setten, mar allinnich de Scamp is al útwurke.
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw de oare modellen útwreide.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Lighter as roeiboat.jpg|thumb|right|Lighter as roeiboat]]
De '''Seahopper''' is in ien- of twapersoans optearboat mei is stekswurd. De romp is in opboud út fjouwer panielen dy't iepentearje ta in [[knikspant]], mei [[preamstjûne]]n. Seahoppers kinne brûkt wurde as [[roeiboat]], as in moterboatsje of as [[sylboat]]. As sylboat binne de Seahoppers ornaris [[gaffel (silen)|gaffel]]túch. De seilen fan in Seahopper hawwe lang read west, fanwege de sibskip mei de [[Mirror (sylboat)|Mirror]], mar tsjintwurdich binne der ek wer Seahoppers mei wite seilen.
 
== Skiednis ==
Rigel 15:
 
=== Lighter ===
Dit is it middelste model, wat alle tuchen en opsjes brûke kin. De Lighter is 2,40m lang. It model kin brûkt wurde as roeiboat, as motorboat en as sylboat. As sylboat kin de Lighter mei deselde tugen syld wurde as op de Scamp. Lykwols kin der ek in folslein túch fierd wurde, krekt as by de Kondor.
 
Oant de yntroduksje fan de Kontender/Kondor wie dit it grutste model, de ''7'10"'''. Mei de yntroduksje fan de Kontender yn 1997 waard it middelste model de ''7-tender'' of ''Seven-tender'', in wurdspiling op de nammen en de mjitte. Nei't de makkers útelkoar gongen wienen, waard dit de ''Nifty Fifty'', dêr't de "fyftich" in oantsjutting by wie dat it it middelste model wie. Sûnt begjin 2017 is dit model de ''Lighter''.
 
=== Kondor ===
Dit is it grutste model Seahopper, 3m lang. It model is as de ''Kontender'' ûntwurpen, yn [[1997]], as optearboat-alternatyf foar de Mirror, lichter en kompakter. De namme, dy't ''meitinger'' betsjut, tsjut ek op it alternatyf foar de Mirror. De namme waard nei it útelkoar gean brûkt foar de Stowaway-ferzje,. De Seahopper-ferzje is sûnt de ''Kondor'', in soartgelikense namme nei de fûgel mei de grutste wjukken, de [[Kondor]].
Dit is it grutste model, fergelykber mei de Mirror.
 
Ek in Kondor kin brûkt wurde as roeiboat of motorboat. Om te silen is der in gaffeltúch, mei grutseil en [[fok]].
 
 
== Keppeling om utens ==