Wynjammer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
LNo edit summary
Rigel 3:
'''Wynjammer''' is de oantsjutting foar in, meast dwers túchd, grut [[sylskip]] dat in de [[19e iuw]] en it begjin fan de [[20e iuw]] brûkt waard yn keapfardij, nei it ferdwinen fan de [[klipper|klippers]].
 
De term ferwiist nei it typyske âljend lûd dat ûntstiet at de wyn troch it túch fan stieltried blaasd, in hiel oar lûd as wat it âlderwetske touwurk joech. De meast foarkommende, meast effisjinte wynjammertugaazje wie de fjouwermêst [[bark]]; it resultaat fan lange aerodynamyske stúdzje en iueweniuwen fan ûnderfining mei de seefeart.
 
De wynjammer wie bedoeld foar tige lange reizen. Sy ferfierden meast bulklading, sa as [[hout]], [[nôt]], en [[gûano]], op ynterkontinintale reizen. Yn it begjin koenen sy de konkurinsje mei steamskippen noch oan, omdat sy hurder woene en gjin wetter en stienkoal hoechden yn te nimmen.