Orinoco: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
omneamd, red
Lebel: Trochferwizing wiske
L red
Rigel 25:
}}
[[Ofbyld:Orinoco Bridge.jpg|thumb|De Orinoquia-Brêge by Ciudad Guayana]]
[[Ofbyld:Deltaorinoco.jpg|thumb|De delta fan de OrinokoOrinoco]]
De rivier de '''Orinoco''' ([[Spaansk]]: ''Rio Orinoco'', útsprutsen as: ''oɾiˈnoko'') is ien fan de langste rivieren yn [[Súd-Amearika]] mei in lingte fan 2140 km. De ôfwetteringskrite, bytiden bekend as '''Orinoquia''' is sa'n 880.000 km², mei 76,3% yn [[Fenezuëla]] en de rêst yn [[Kolombia]]. It is de tredgrutte rivier yn de wrâld neffens wetterôffier. De rivier de Orinoco en syn sydrivieren binne wichtige boarnen fan ferfier yn eastlik en ynlânsk Fenezuela en de gersflakten (''llanos'') fan Kolombia. It miljeu yn de bekken fan de Orinoco hat in ryk ferskaat oan floara en fauna.
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Map of Lower Orinoco pub. 1897.jpg|thumb|Kaart fan de Leech-OrinokoOrinoco út 1987]]
[[Ofbyld:Orinoco-Landschaft.JPG|thumb|De OrinokoOrinoco by Puerto Ayacucho]]
De mûning fan de rivier de Orinoco yn de [[Atlantyske Oseaan]] waard neamd troch [[Kolumbus]] op [[1 augustus]] [[1498]] yn syn tredde reis. De boarne fan de rivier by [[Cerro Delgado-Chalbaud]], yn it [[Parima]]berchtme, waard pas ûntdutsen yn [[1951]], 453 jier letter. De boarne, tichteby de Fenezolaansk-Brazyljaanske grins op 1047 meter hichte boppe seenivo (2°19′05″N 63°21′42″W), waard ûntdutsen troch in groep Fenezolaanske en Frânske ûntdekkers.
 
De delta fan de Orinoco en de [[sydrivier]]en yn de eastlike flakten, lykas dy fan de [[Apura (rivier)|Apura]] en [[Meta (rivier)|Meta]], waarden yn de [[sechtjinde iuw]] ûntdutsen troch Dútske ekspedysjes ûnder [[Ambrosius Ehringer]] en syn opfolgers. Yn [[1531]] fear [[Diego de Ordaz]] oant de rivier de Meta. [[Antonio de Berrio]] fear de rivier de [[Casanare (rivier)|Casanare]] del oant de rivier de Meta en doe fear er de OrinokoOrinoco del oant [[Santa Ana de Coro]]. De Ingelskman [[Walter Raleigh]] fear de rivier del mei de hoop en sykje de mytyske stêd ''[[El Dorado]]'' en naam Antonio de Berrio yn [[1595]] finzen om ynformaasje te krijen dêroer. Hy berikte de [[savanne]]gebieten.
 
[[Alexander von Humboldt]] ferkende de bekken yn [[1800]]. Hy skreau in soad oer de floara en fauna yn it gebiet.
Rigel 46:
* '''Delta Amacuro''', is 200 km lang en fiert ôf yn de Golf fan Paría en de Atlantyske Oseaan. It is in tige grutte delta, dat in oerflak fan 22.500 km² hat en dat op syn wiidst 370 km wiid is.
 
By de mûning, foarmet de Orinoco in brede delta, dy't hûnderten sydtakken en -rivieren hat, dy't troch in sompich gebiet fan 41.000 km² mei bosken rinne. Yn it reinseizoen kin de OrinokoOrinoco wol 22 km breed en 100 m djip wurde.
 
De measte rivieren yn Fenezuëla binne sydrivieren fan de Orinoco. Nijsgjirrich is dat it [[kanaal]] de [[Casiquiare]] in "natuerlike kanaal" is dy't de Orinoco ferbynt mei de rivier de [[Amazône (rivier)|Amazône]].