Gebed: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
red
Rigel 1:
[[File:Mosque.jpg|thumb|right|250px|[[Islam|Islamityske]] manlju dy't harren by it [[freedsgebed]] yn 'e [[moskee]] prosternearje.]]
In '''gebed''' is in oanropping of fysike hanneling die dêr't men in reäksje mei besiket los te krijen fan in [[godheid]], in foarwerp fan ferearing of in spiritueel wêzen troch de wei fan opsetlike kommunikaasje. Gebedens kinne in foarm fan [[godstsjinst|religieuze]] praktisearring wêze, en kinne dêrby plakfine as yndividuële of mienskiplike ûndernimming, yn it iepenbier of yn beslettenens, yn stiltme of mei spraak of sang. As der wurden foar brûkt wurde, kin in gebed de foarm oannimme fan in [[hymne]], in út 'e holle learde formule, in formele [[leauwensbelidenis]] of in spontaan opseine of preuvele utering.
 
Der besteane ûnderskate foarmen fan gebedens, lykas ôfsmeking, tanksizzing, bycht en lofpriizging. Men kin in gebed opdrage oan ien of mear [[god|goaden]], geasten of ferstoarnen (bgl. jins foarâlden), mar men kin ek in ferheft ideaal oanbidde. In doel foar gebedens kin wêze om te ferearjen, lieding te freegjen, help ôf te smeekjen, sûnden op te bychtsjen of gewoan om jins gefoelens en tinzen út te sprekken; men kin bidde foar jinsels of foar oaren.