Fotografy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata) - The interwiki article is not good
 
Rigel 11:
It meitsjen fan in foto wurdt dien troch de sluter te iepenjen. De [[sluter]] sit foar it gat fan de behuzing en efter de lins. Troch de sluter kin der gjin ljocht yn de kamera komme. De sluter giet hiel koart iepen troch op in knop op de kamera te drukken. Yn dat lytse skoft kin ljocht yn de kamera komme. Dat lytse skoft is de sluterstiid (ek wol beljochtingstiid neamd). De sluterstiid ferskilt fan 0,001 sekonde oant in pear sekonden. Ornaris bliuwt de sluter net langer as 1 sekonde iepen.
 
Mei it [[Diafragma (optika)|diafragma]] kin de ljochtsterkte regele wurde. It diafragma sit efter de lins, mar foar de sluter. It diafragma is in ring mei in gat deryn. De grutte fan it gat yn de ring kin feroare wurde, sadat der mear of minder ljocht yn de kamera komme kin.
 
De foto yn in kamera kin makke wurde op in plaat as film. In digitale kamera makket gebrûk fan in spesjale elektroanyske sensor.