Aiskylos: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Wurk: red
L →‎Libben: One picture in higher resolution and with more details. Quality image on Commons - Athen Theatre of Dionysus BW 2017-10-09 14-29-49.jpg
 
Rigel 31:
Yn [[490 f.Kr.]], doe't de [[Perzyske Ryk|Perzyske]] kening [[Darius de Grutte]] besocht en feroverje de Grykske stêdsteaten, waard it Perzyske leger yn 'e [[Slach by Maraton]] ferslein troch de Ateners en harren bûnsgenoaten. Aiskylos en syn broer Kynegeirus fochten by Maraton yn 'e Ateenske [[falanks]]; Aiskylos oerlibbe de slach, mar syn broer sneuvele doe't er de flechtsjende Perzen troch de weagen nei harren skippen hjitfolge. Yn [[480 f.Kr.]] focht Aiskylos wer mei, diskear tsjin [[Kserkses I]], yn 'e [[Slach by Salamis]] (en mooglik wied er ek behelle yn 'e [[Slach by Platéa]], yn [[479 f.Kr.]]). It hoecht dan ek gjin nij te dwaan dat de [[Perzyske Oarloggen]] in grutte rol yn Aiskylos syn wurk spylje. Syn toanielstik ''[[Perzen (toanielstik)|Perzen]]'', wêryn't de Slach by Salamis in wichtich plak ynnimt, is de iennichste oerlevere klassike trageedzje dy't oer resinte histoaryske foarfallen giet (en tsjinnet sadwaande nòch wol as histoaryske boarne, mei't Aiskylos de politike en militêre ûntwikkelings dy't er as eftergrûn brûkt út 'e earste hân koe).
 
[[File:Athen DionysosTheatre of Dionysus BW 2017-Theater10-09 14-29-49.JPGjpg|thumb|left|De ruïne fan it [[Dionysusteäter]], te [[Atene]], dêr't withoefolle fan Aiskylos syn [[toanielstik]]ken opfierd waarden.]]
Aiskylos wie in djip leauwich man, mei in ferheft byld fan 'e oppergod [[Seus]], dy't er yn syn stikken beskreau mei in ienfâldige earbiedigens dy't dy fan 'e [[bibel]]ske ''[[Psalmen]]'' net wanlyk is. Krekt as in protte Grykske manlju fan syn tiid wied er ek [[inisjaasjeriten|inisjearre]] yn 'e [[Mystearjes fan Eleusis]], in kultus dy't wijd wie oan 'e fruchtberensgoadinne [[Demeter]], en dy't fêstige wie yn syn eigen berteplak. Mei't de ynwijden fan dy [[mystearjereligy]] om dea swarre moasten dat se der neat oer útbringe soene, is de tsjintwurdige kennis dêroer tige beheind. [[Aristoteles]] fertelt lykwols dat Aiskylos yn ien fan syn toanielstikken beskate geheimen fan 'e kultus ferret hawwe soe. Oare boarnen wolle sels hawwe dat it publyk him op datseldichste plak deadwaan woe, mar dat er krekt op 'e tiid fan ruten spile. [[Herakleides fan Pontus]] beweart dat men him besocht te [[stiennigjen]], en dat er beskûl sykje moast efter it alter yn it orkest fan it [[Dionysusteäter]]. Doe't er neitiid terjocht stie, bearde er dat er de geheimen ûnbewust útbrocht hie, of mooglik dat er net witten hie dat it geheimen wiene. Yn elts gefal waard er frijsprutsen, mar dat skynt mear te krijen hân te hawwen mei syn status as feteraan fan Maraton as mei syn wurklike ûnskuld.