Hert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 4:
 
== Lizzing en omlizende anatomy ==
[[File:CG Heart.gif|thumb|Klopjend hert]]
 
It hert is asymmetrysk fan foarm (liket eins net op in 'hertsje' (♥) sa't dat faak tekene wurdt) en leit yn de [[toaraks]]holte sawat midden efter it boarstbien, yn it mediastinum (de romte tusken de twa longen). Pine oan it hert wurdt hast altiten ek midden efter de [[boarstbonke]] field. It hert leit mear oan de linkerkant as oan de rjochterkant fan de boarstbonke. It stekt mar ± 2 sm. út oan de rjochterkant. Mar yn de linkerlong soarget it hert foar in djippe yndûking.
It hert kin foarsteld wurde as in kegel. De top fan de kegel wurdt de apeks neamd, it grûnflak de basis. De apeks ligt mear kaudaal (nei ûnderen ta), fentraal (nei foaren ta ) en links as de basis dy't mear servikaal (nei boppen ta), dorsaal (nei efteren ta) en rjochts leit. De as fan de kegel ferrint dus skean yn de toaraks.