Dan Brown: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 40:
Brown syn earste boeken diene it goed, mar net útsûnderlike goed; minder as 10.000 ferkochte eksimplaren wie foar syn dwaan normaal. Mar yn [[2003]] briek er troch doe't er in klapper fan in boek skreau, ''The Da Vinci Code'', dat fuortborduere op it yn [[2000]] ferskynde ''Angels & Demons'', mei symbolykekspêr Robert Langdon yn 'e haadrol. Al nei ien wike stie ''The Da Vinci Code'' boppe-oan op 'e ferkeapranglisten, en yn [[2005]] kaam Dan Brown yn 'e top 100 list foar as ien fan 'e meast ynfloedrike minsken op 'e wrâld. ''The Da Vinci Code'' is no ien fan 'e populêrste boeken aller tiden, mei yn totaal 81 miljoen ferkochte eksimplaren wrâldwiid. Troch dat súkses waarden Brown syn trije eardere romans ynienen ek populêr. Yn [[2006]] is de ''The Da Vinci Code'' [[The Da Vinci Code (film)|ûnder deselde namme]] ferfilme, mei topakteur [[Tom Hanks]] yn 'e haadrol as Robert Langdon. In diel fan 'e filmmuzyk waard troch Dan Brown sels spile. Yn [[2009]] folge de ferfilming fan ''Angels & Demons'', ek wer [[Angels & Demons (film)|ûnder deselde namme]], en op 'e nij mei Tom Hanks yn 'e haadrol.
 
Yn [[2009]] kaam it trêde boek yn 'e searje oer Langdon út, ''The Lost Symbol'', dêr't op 'e earste dei al mear as in miljoen eksimplaren fan oer de toanbank giene yn 'e [[Feriene Steaten]], [[Kanada]] en [[Grut-Brittanje]] allinnich. Yn in fraachpetear yn [[2006]] hat Brown sein dat er plannen hat foar in rige fan yn totaal tolve boeken oer Langdon, dat hy kin noch even foarút. Yn maaie [[2013]] kaam diel 4 út, ''[[Inferno (boek)|Inferno]]'', dat ek fuortendaliks in [[bestseller]] waard en troch [[Abe de Vries (skriuwer)|Abe de Vries]] yn opdracht fan [[útjouwerij]] [[Utjouwerij Luitingh-Sijthoff|Luitingh-Sijthoff]] yn it [[Frysk]] oerset waard, ûnder de titel [[Ynferno (boek)|Ynferno]]. Op útnûging fan [[Ids Hellinga]], direkteur stamboeksaken fan it [[Keninklik Frysk Hynste StamboekHynstestamboek]], brochten Brown en de frou mids jannewaris [[2014]] in besyk oan [[Nederlân]]. Dêrby diene se yn [[Amsterdam]] û.m. it [[Ryksmuseum Amsterdam|Ryksmuseum]] oan, dêr't se nei slutingstiid in priveerûnlieding krigen, besochten se yn [[Fryslân]] de [[hynstekeuring]] fan it FryskKeninklik HynsteFrysk StamboekHynstestamboek, en die Brown in synjearsesje yn Boekhannel Van der Velde, oan 'e [[Ljouwert]]er [[Nijstêd]].
 
Yn [[septimber]] [[2018]] wie Brown op 'e nij yn Fryslân, diskear om 'e hynstemuzykteätershow ''[[De Stormruiter]]'' yn it [[WTC Expo]] te sjen, dêr't er boppedat de offisjele [[ambassadeur]] fan makke wie.<ref name="brown">{{Berjocht:Fuotnoat|{{Aut|Annema, Siebe}}, ''Verliefd op het Friese paard'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 1 septimber 2018, taheakke ''Sneon & Snein'', s. 4-7}}</ref> Hy waard op dy [[reis]] beselskippe fan syn heit Richard,<ref name="brown"/> de [[wiskunde]]learaar, mei wa't er ek de [[tentoanstelling]] ''[[Escher op Reis]]'' yn it [[Frysk Museum]]<ref name="brown"/> en it [[Keninklik Eise Eisinga Planetarium]] yn [[Frjentsjer]] besocht.<ref>——, ''Dan Brown onder indruk van Planetarium'', yn: de ''[[Frjentsjerter Krante]]'', 12 septimber 2018, s. 1.</ref><ref>——, ''Bestsellerschrijver Dan Brown in Eise Eisinga Planetarium'', yn: ''[[van Wad tot Stad]]'', 11 septimber 2018, s. 9.</ref>
 
==Wurk==