Bruce Springsteen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L 2 lytse oanpassings fan Bruce Springsteen.
Rigel 17:
Yn 1995 brocht er in “''Greatest Hits''”album út mei dêrop ek fjouwer nije lieten dy ‘t er spile mei de E Street Band. It folgjende album “''The Ghost of Tom Joad''” wie wer hiel kalm en yntrofert. Dat fierde er út tidens in solo tournee yn lytse téaters.Yn 1999 kaam de E Street Band op’e nij byelkoar nei it ferskinen fan “''Tracks,”'' fjouwer cd’s mei lieten dy ‘t noch net earder útbrocht wienen. Dêrnei waard “''Live in New York City''”, útbrocht.
 
Nei de oanslagenoanslaggen op de Twin Towers naam er it album “''The Rising''” op, mei ûnder oaren “Empty sky”en “My City  of Ruins.” Yn 2005 brocht er it solo album “''Devils & Dust''” út, in soad minsken seagen de titelsong  as it bêste liet oer de ynfaasje yn Yrak. Yn 2006 kaam er mei “''We Shall Overcome: The Seeger Sessions''” mei lieten fan de Amerikaanske folksjonger Pete Seeger.
 
Dêrnei folge it album “''Magic''” (2007) dêr’t er yn 2009 in Award krige foar “Girls in their Summer Clothes”. Yn de hjerst fan 2008 sette Bruce Springsteen him bot yn foar  de ferkiezing fan Barack Obama. Hy naam ek diel oan in iepenloft konsert foar de ynauguraasje fan Obama, dêr ‘t rom 400.000 minsken wienen. Yn 2009 naam er “''Working on a'' ''dream''” op,  mei under oaren it liet “The Last Carnival” foar Danny Federici, de oargelspiler fan de E Street Band, dy ‘t ferstoar oan hûdkanker.