Mariano Rajoy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
→‎Karriêre: oanslaggen
Rigel 39:
Tusken 1996 en 2003 wie Rajoy minister mei wikseljende portefúljes yn it regear fan José María Aznar. As minister fan Oerheid hie er de drege taak de oerdracht fan ferantwurdlikheden oan de [[Baskelân|Baskyske]] en [[Kataloanje|Katalaanske]] regearen te ûnderhanneljen mei pro-ûnôfhinklikheidspolitisy dy't doe oan de macht wiene yn dy twa regio's. As minister fan Underwiis fierde er ferplichte middelber ûnderwiis yn. Dy maatregel wie by syn eigen oanhing net populêr, mar wol by de sosjalisten. By de twadde termyn fan Aznar waard Rajoy minister fan it Presidintskip en tusken 2000 en 2003 ek [[vice-presidint|fise-presidint]] fan it regear.
 
Doe't yn 2002 de oaljetanker Prestige foar de kust fan Galysje skipbrek late, wie Rajoy belêst mei de koördinaasje fan it oprûmjen. Dat rûn út op in regelrjochte ramp en skansearre syn reputaasje. Lykwols waard er oanwiisd as opfolger fan Aznar. It like derop dat Rajoy nei de ferkiezingen fan 2004 de premier fan Spanje wurde soe, mar it regear fan Aznar hannele de terroristyske oanslagenoanslaggen yn Madrid fan 11 maart 2004 net goed ôf. Der waard tsjin better witten yn folholden dat de oanslagenoanslaggen plege wienen troch de [[Euskadi Ta Askatasuna|ETA]]. Yn in pear dagen tiid draaide de publike opiny en waard José Luis Rodríguez Zapatero fan de PSOE ta premier keazen.
 
=== Opposysje tsjin Zapatero en listlûkerskip ===