Domtsjerke fan Messina: ferskil tusken ferzjes

gjin bewurkingsgearfetting
(Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Domtsjerke fan Messina ''Duomo di Messina'' | ôfbylding = Duomo di Messina - 22 May 2008.jpg | ôfbyldingsbr...")
 
No edit summary
== Eksterieur ==
[[File:Foto Duomo Messina september 09.jpg|thumb|left|250px|<center>''De tsjintwurdige gevel''</center>]]
De katedraal waard yn in feskaat fan [[Gotyk|goatyske]] en [[Romaanske arsjitektuer|romaanske]] stilen wer opboud. It goatyske haadportaal datearret lykwols noch út de 14e iuw. It gevelfjild tusken de smelle pylders lit in foarstelling fan [[Jezus (tradisjoneel-kristlik)|Kristus]] sjen, dy't [[Marije (mem fan Jezus)|Marije]] yn 'e himel kroant. Dêrûnder sitetstiet boppe de doar in Madonnabyld.
 
== Ynterieur ==
De trije [[Skip (tsjerke)|skippen]] fan de katedraal wurde fan inoar skieden troch twa rigen pylders mei [[Korintyske oarder|korintyske]] kapitelen. De pylders drage de rûne bogen, dy't it muorrewurk fan it middenskip skoarje. It by de restauraasje nij oanbrochte balkenplafond is beskildere neffens de oarspronklike dekoraasje.
 
It grutste diel fan de ynrjochting is in rekonstruksje fan de 20e iuw. Mar in pear saken binne orizjineel. Yn de Sakramintskapel (rjochter sydapsissyd[[apsis]]) bleau in orizjineel 14e-iuwsk mozaïek bewarre dat mei oarspronklik materjaal op 'e nij oanbrocht is. It mozaïek fan de haadapsis dêrfoaroer waard nij oanbrocht, mar hat wol in soad oerienkomsten mei it orizjineel.
 
Yn nissen oan de muorren fan de sydskippen steane bylden fan de apostels, dy't oarspronklik yn de tiid fan de [[renêssânse]] makke waarden. Dêrfan is allinne it byld fan [[Jehannes de Doper]] fan Antonello Gagini orizjineel, de rest gyng by it bombardemint yn 1943 ferlern.
 
== Oargel ==
It hjoeddeiske oargel datearret fan de weropbou nei de [[Twadde Wrâldkriich|kriich]] en waard troch Tamburini (Crema) boud. It heart ta de grutste piipoargels fan Itaalje. It ynstrumint hat 169 registers (± 16.000 pipen) en is yn ferskate dielen fan de dom opsteld; de spyltafel fan it oargel stiet yn it dwersskip. De spyl- en registertraktueren binne elektrysk.
{{Boarnen|boarnefernijing=
* Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [[:de:Kathedrale von Messina]]
9.244

bewurkings