It Fryske sosjalisme yn de [[SDAP]] wie diels- gefoels-, diels ferstânssosjalisme. Doe't de SDAP nei 1930 mear en mear oergie nei wat field waard as ûnprinsipieel [[reformisme]] en oanpassen, kamen der yn Fryslân in soad spannings. Guon fûnen dat de partij ferwettere.<br>
Benammen yn it súdeasten, de kontreien fan [[Geart van der Zwaag (Wolvegea)|Geart van der Zwaag]] en [[Domela Nieuwenhuis]] waard it ûnrêstich. De wurdfierder fan dizze ûntefredenen waard [[Paul KiësKiès]], earder offisier, letter antimilitarist dy't as propagandist fan de SDAP yn Fryslân súkses hie. Yn de rin fan de tritiger jierren foarme him hjir in bepaalde oanhing. Yn [[1937]] kaam it ta inkonfliktin konflikt. Men begûn de figuer fan KiësKiès en syn aksje skerper te sjen ( KiësKiès soe him yn 1940 by de [[Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging|NSB]] oanslute ). Hy kaam doe op de stimlisten op in ûnferkiesber plak, dy't ferkiezing útsluet. Fûle protestaksjes folgen. Der kamen aksjekommitees. In eigen orgaan 'Het Vrije Woord' ferskynde. Novimber 1937 waard KiësKiès mei in tal oanhingers troch it partijbestjoer fan de SDAP royearre. Dat wie oanlieding foar it oprjochtsjen fan de Troelstrabeweging om 'de wiere idealen' heech te hâlden. De oanhing bleau lykwols mar lyts. By de ferkiezings yn [[1939]] krige de beweging 4,2% fan de stimmen yn Fryslân.