Weachlingte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 1:
[[File:Golflengte.png|thumb|250px|In skematyske werjefte fan it begryp weachlingte (''golflengte''). De weachlingte fan in [[Perioade (natuerkunde)|periodyk]] wurdt metten tusken in oerien-kommend punt fan twa opinoar folgjende [[weach (natuerkunde)|weagen]].]]
'''Weachlingte''' is in begryp út 'e [[natuerkunde]] wêrmei't de [[tiid]] of [[romte]] beskreaun wurdt tusken twa opinoar folgjende [[weach (natuerkunde)|weagen]] fan in [[periodyk (natuerkunde)|periodyk]] ferskynsel. Oars sein: it is de [[ôfstân]] tusken twa opinoar folgjende punten mei deselde [[faze (weach)|faze]] yn in weachpatroan, lykas de toppen fan in [[sinus en kosinus|sinusfoarmige]] weach. In weach is yn 'e natuerkunde in patroan dat himsels oanhâldend werhellet, lykas by [[elektromagnetisme|elektromagnetyske strieling]] of in [[lûdstrilling]]. De weachlingte wurdt metten yn [[meter]] (m), en wurdt [[wittenskiplik]] ornaris werjûn mei as [[symboal]] de [[Gryksk alfabet|Grykske]] [[letter]] [[lambda]]: '''''λ'''''<math>\lambda</math>.
 
==Weachlingte en frekwinsje==
Ynstee fan 'e lingte fan ien werhelling yn it weachpatroan (de weachlingte) wurdt ek wol de [[frekwinsje]] metten: it tal werhellings fan 'e weach yn ien [[sekonde]]. Dat wurdt oanjûn yn [[hertz (ienheid)|hertz]] (Hz). As men útgiet fan in sinusfoarmige weach dy't beweecht mei in konstante [[faasje]], is de weachlingte omkeard proporsjoneel oan 'e frekwinsje: weagen mei hegere frekwinsjes hawwe in koartere weachlingte, en weagen mei in langere weachlingte hawwe in legere frekwinsje. De weachlingte hinget ôf fan it [[medium]] (bgl. [[fakuüm]], [[lucht]] of [[wetter]]) dêr't in weach him trochhinne fuortbeweecht. Der bestiet in direkte [[relaasje (wiskunde)|relaasje]] tusken de weachlingte ''λ''<math>\lambda</math> (yn [[meter|m]]), de frekwinsje ''<math>f''</math> (yn [[hertz (ienheid)|Hz]]) en de [[fuortplantingsfaasje]] ''<math>v''</math> fan 'e weach (yn [[meter|m]]/[[sekonde|s]]) yn it belutsen medium:
:
:<math>\lambda = \frac{v}{f}</math>