Ramayana: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
No edit summary
Rigel 26:
| ISBN oers. =
}}
It '''''Ramayana''''', yn it oarspronklike [[Sanskryt]]: '''रामायण''', sekuerdere transliteraasje: '''''Rāmāyaṇa''''' (útspr.: /rɑːmɑːjəɳə/), is ien fan 'e beide grutte [[epysk gedicht|epyske gedichten]] fan it [[hindoeïsme]] (it oare is it ''[[Mahabharata|Mahābhārata]]''). It bestiet út mear as 50.000 dichtregels en is gearstald fan 'e [[4e iuw f.Kr.|fjirde]] en [[5e iuw f.Kr.|fyfde iuw f.Kr.]] Yn dy tiid waard de haadpersoan, de godheid [[Rama|Rāmā]], wierskynlik noch net beskôge as in ynkarnaasje fan 'e oppergod [[Vishnu]]. TradysjoneelTradisjoneel wurdt dit epos taskreaun oan 'e wize en [[dichter]] [[Valmiki|Vālmīki]]. It ''Rāmāyaṇa'', dat oerset wurde kin as de "Reis fan Rāmā" (of, frijer fertaald, as de "Wurken fan Rāmā"), beskriuwt de syktocht fan Rāmā nei syn troch de demon [[Ravana|Rāvaṇa]] ûntfierde frou [[Sita (hindoeïsme)|Sītā]], dy't er úteinlik mei de help fan 'e apegod [[Hanuman]] út Rāvaṇa syn keninkryk Lanka ([[Sri Lanka]]) befrijt. It ferhaal giet yn prinsipe oer de striid tusken goed en kwea, mar leart de lêzer ûnderwilens in protte [[etysk]]e lessen. It ''Rāmāyaṇa'' is de wichtichste [[religy|religieuze]] tekst foar de [[vishnuïsme|vishnuïtyske]] hindoes fan 'e [[Rama-Sita-kultus|Rāmā-Sītā-kultus]]. Behalven yn it hindoeïsme nimt it ek in wichtich plak yn yn it [[boedisme]], it [[jaïnisme]] en it [[sikhisme]]. It is ien fan 'e hoekstiennen fan 'e kultuer fan [[Yndia]] en [[Nepal]] en teffens fan boedistyske [[Súdeast-Aazje|Súdeastaziatyske]] lannen lykas [[Burma]], [[Tailân]], [[Laos]] en [[Kambodja]], en sels fan it sûnt iuwen [[islam]]ityske [[Yndoneezje]] en [[Maleizje]].
 
== Opbou en oarsprong ==
Rigel 36:
== Ynhâld ==
[[Dasharatha|Daśaratha]], de kening fan Ayodhya, hat trije froulju en fjouwer soannen. De âldste is Rāmā, de soan fan syn earste frou [[Kausalya|Kausalyā]], en de twadde is [[Bharata (Ramayana)|Bhārata]], de soan fan syn twadde en leaflingsfrou [[Kaikeyi|Kaikeyī]]. De oaren binne de [[twilling]] [[Lakshmana|Lakṣmaṇa]] en [[Shatrughna|Śatrughna]]. De tsjeppe prinsesse Sītā is de dochter fan 'e hearsker fan in buorkeninkryk fan Ayodhya. Op in ''[[swayamvara]]'', in seremoanje wêrby't potinsjele brêgemannen harren bewize moatte, yn dit gefal om mei Sītā trouwe te meien, wurdt de houlikskandidaten frege om in reuseftige bôge te spannen. Net ien kin it ding sels mar optille, mar Rāmā spant him net allinnich, hy brekt him midstwa. Dêrop kiest Sītā Rāmā ta man.
[[Ofbyld:An Ramlila Actor In The Role of Ravana.jpg|thumb|left|250px|In [[akteur]] yn it tradysjoneletradisjonele kostúm fan 'e tsienhollige demoanekening [[Ravana|Rāvaṇa]].]]
 
As kening Daśaratha ôftrede wol om syn lêste jierren as [[klúzner]] yn 'e bosk troch te bringen, is it syn bedoeling dat Rāmā him opfolgje sil. Mar dan easket keninginne Kaikeyī op grûn fan in ûnthjit dat Daśaratha har ienris dien hat, dat ynstee hàr soan Bāratha kening wurde sil. De kening smeket har om him dêr net op te fergjen, mar hja set troch, en sa wurdt Bhārata ta kening útroppen, wylst Rāmā fjirtjin jier lang yn ballingskip yn 'e bosk trochbringe moat. Rāmā, dy't altyd om syn heite sizzen jout en macht net in protte skele kin, is it eins allikefolle oft er no yn ballingskip moat of op 'e troan komt. Sītā bepraat him om har mei te nimmen nei de bosk en ek syn jongere broer Lakṣmaṇa beselskippet him. As Bhārata útfynt hoe't syn mem him de troan besoarge hat, griist it him oan. Hy set nei de bosk ta en besiket Rāmā oer te heljen en kom werom, mar dy wegeret dat. Uteinlik stimt Bāratha deryn ta om in soarte fan steedhâlder foar Rāmā yn 't plak te wurden.