J.B. Wolters: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "'''Utjouwerij J.B. Wolters''' wie in útjouwerij fan almeast skoalboeken, festige yn Grins. It bedriuw waard yn 1836 stichte troch Jan Berends Wolters..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 13 aug 2019 om 18.30

Utjouwerij J.B. Wolters wie in útjouwerij fan almeast skoalboeken, festige yn Grins.

It bedriuw waard yn 1836 stichte troch Jan Berends Wolters (1808-1860) en hat bestien oant 1968, doe't it fusearre mei P. Noordhoff en Wolters-Noordhoff waard. Wolters hat ek lange jierren in festiging yn Batavia (Nederlânsk-Ynje) hân. De meast bekende útjefte fan de útjouwerij wie De Grote Bosatlas, dy't tsjinwurdich troch it fúzjebedriuw útjûn wurdt. Ek de De Bosatlas van Fryslân waard troch dat bedriuw útjûn. Sûnt 1958 wie der ek in Belgyske ôfdieling dy't yn Leuven festige wie.