Oerterp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Rigel 21:
 
Under archeologen hat Oerterp bekendheid trochdat hjir yn 1943 by de [[Prinsedobbe]] oan de Mûneleane oerbliuwsels fûn binne fan rindierjagers út 'e ein fan de [[Alde Stientiid]], ± 10.000 oant 9800 foar Kristus, flak nei de lêste [[iistiid]]. Op in gebiet fan 85 kante meter op de ringwâl fan de dobbe waarden 5.408 fjoerstiennen foarwerpen fûn, wêrfan 1.360 stikken ark lykas krombekstekkers en fierders ôfslaggen en kearnstikken. It klimaat moat hjir doe west hawwe lykas yn [[Laplân]] en Noard-[[Sibearje]] no. De minsken dy't hjir omswalken wienen oanwiisd op wat it lânskip harren te bieden hie: allinnich de hege sânrêgen tusken de rivierkes wienen begeanbear. Men nimt oan dat it hjir om simmerkampen giet. Omdat fergelykbere oerbliuwsels fûn binne by [[Hamburch]] stiet dizze kultuer bekend as de [[Hamburchkultuer]]. Ek by [[Havelte]] waarden der resten fan fûn.
 
Fan [[1944]] oant [[2000]] wie yn 'e [[buorskip]] [[Selmien]] ûnder Oerterp de [[proefbuorkerij]] [[Bosma Zathe]] fêstige.
 
== Bouwurken ==