Bloedsomrin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 3:
It '''bloedfettestelsel''' of de '''bloedsomrin''' by de [[minsk]] is it sletten systeem fan fetten dêr't it [[bloed]] trochhinne streamt. Der binne twa [[dûbele bloedsomrin|bloedsomrinnen]], de [[lytse bloedsomrin|lytse]] en de [[grutte bloedsomrin|grutte]]. De fetten ferbine it [[hert]] en de [[orgaan|organen]] en soargje foar de oanfier fan [[soerstof]] en fiedingsstoffen en foar de ôffier fan ôffalstoffen lykas [[koalstofdiokside]]. De bloedsomrin soarget ek foar sirkulaasje fan [[hormoan]]en en [[ymmunology|ôfwarstoffen]] en waarmte.
 
It '''fettestelsel''' is it gehiel fan [[bloedfet]]ten yn it lichem. Dat stelsel is opdield yn de oanfierende [[slagierslachier]]en ([[arterieel stelsel]]) en de ôffierende [[ier (anatomy)|ieren]] ([[feneusk stelsel]]).
De grutste mannichte [[bloed]] hawwe de ieren. Yn it ierstelsel is de [[bloeddruk]] relatyf leech. Yn de slachieren ([[artery|arteriën]]) sit in relatyf lyts part fan it bloed, mar dêr hearsket in folle hegere druk. Dat is de bloeddruk dy't by de dokter metten wurdt. Om reden fan dy hege druk kin by in [[slachierlike blieding]] rillegau in soad bloed ferlern wurde en dy't ta de slimme tastân [[shock]] late kin.