Ferskil tusken ferzjes fan "Katedraal fan Monreale"

benammen by grutte teksten helpt de staveringshifker
(benammen by grutte teksten helpt de staveringshifker)
| sloopjier =
| arsjitekt =
| boustyl = Arabysk-normandyskNormandysk-byzantynskeByzantynske arsjitektuer
| oerbrêget =
| tunnelet ûnder =
| webside = [http://www.diocesimonreale.it/ Side aartsbisdom]
}}
De '''Cattedrale di Santa Maria Nuova''' of de '''Duomo di Monreale''' is de biskopstsjerke fan it aartsbisdom Monreale op it [[Itaalje|Italjaanske]] eilân [[Sisylje]]. De oan de himelfeart fan Marije wijde katedraal is in [[Basilica minor|basilyk]]. Ferneamd is de katedraal fanwegen de byzantynskeByzantynske mozaïekenmozaiken en de [[kleastergong]]. Tegearre mei de arabyskArabysk-normandyskeNormandyske [[katedraal fan Palermo]] en de [[domtsjerke fan Cefalù]] waard de tsjerke yn 2015 oan it wrâlderfgoed fan [[UNESCO]] tafoege.
 
== Bou ==
[[File:Dedication mosaic - Cathedral of Monreale - Italy 2015 (crop).JPG|thumb|left|200px|<center>''MozaïekMozayk fan kening Willem II dy't de tsjerke oan Marije tawijd''</center>]]
Neffens de leginde lei kening [[Willem II fan Sisylje]] efkes te bekommen fan it jeijenjeien yn 'e bosken by Monreale doe't dêr de Jongfaam Marije oan him ferskynde, dy't him frege dêr in tsjerke te bouwen. Nei't de beam kapt waard fûnen se yn de woartels in goudskat, dy't brûkt waard om de bou mei te beteljen.
 
It inisjatyf foar de bou wie lykwols mear in saak fan konkurrinsje mei de biskop Walter fan Palermo, dy't syn sinnen set hie op de bou fan in grutte katedraal yn Palermo. De bou fan de ynearsten as kleastertsjerke ûntwurpen katedraal fan Monreale fûn plak yn de jierren 1172-1176. Yn de katedraal waard de kroaning en it houlik fierd fan Willem II fan Sisylje. Ek tsjinne de katedraal as grêftsjerke foar de Normandyske hearskers fan Sisylje.
 
De katedraal represintearret op oertsjûgjende wize de normandyskNormandysk-arabyskArabysk-byzantynskeByzantynske boustyl, dy't yn dy tiid opgong makke op Sisylje. Normandysk (of romaanskRomaansk) is foaral it massive fan it bouwurk, arabyskArabysk binne de bline bôgen en it ynliswurk yn de bûtenmuorren (benammen yn de [[apsis|apsiden]]) en de gouden mozaïekenmozaiken oan de binnenmuorren fan de katedraal binne byzantynskByzantynsk.
 
== Beskriuwing ==
[[File:Monreale BW 2012-10-09 10-26-28.jpg|thumb|200px|<center>''Arabyske stylynfloed fan de apsis''</center>]]
De katedraal is 102 meter lang, 40 meter breed en 35 meter heech. Oan wjerskanten fan de gevel steane twa wartuorren. De lofsteloftste toer waard nea foltôge en fan de rjochter toer waard de koepel yn de 16e iuw troch de bliksem ferneatige.
 
De gevel krige yn de 18e iuw in [[Klassisisme|klassisistyske]] [[portikus]], dy't it oarspronklike oansjen fan de gevel feroare. Boppe de portikus binne noch dielen fan de inoar krusende bline bôgen mei dekoratyf ynliswurk yn de arabyskeArabyske styl te sjen. It westlike portaal yn de gevel wie mei in grutte fan 7,8 meter by 3,7 meter eartiids it grutste portaal fan syn tiid. De brûnzen doarren waarden yn 1186 troch Bonannus fan Pisa makke en toane 42 bibelskeBibelske foarstellings.
 
Ek oan de noardlike kant waard in portikus tafoege, dy't de rjochthoekige romte tusken it transept en de ûnfoltôge klokketoer opfollet. De portikus waard yn de jierren 1542-1562 yn opdracht fan kardinaal Alessandro Farnese troch de bruorren Giovanni en Fazio Gaggini ûntwurpen. De brûnzen doarren fan it sydportaal dêr (4,23 by 2,15 meter) datearje út 1179 en binne makke troch Barisanus fan Trani.
 
De eastlike kant lit it bêste sjen hoe't de oarpronklikeoarspronklike fersierings fan de katedraal west ha. Spitse bline bôgen kruse inoar en binne fersierd mei ynliswurk fan swarte, wite en giele stien.
 
== Ynterieur ==
[[File:MonrealeCathedral-pjt1.jpg|thumb|260px|left|<center>''Ynterieur</center>]]
It ynterieur wurdt troch twa rigen fan njoggen pylders mei korintyskeKorintyske kapitelen yn trije [[Skip (tsjerke)|skippen]] ferdield. It middenskip is twaris sa breed as de twa sydskippen.
 
De muorren binne fan ûnder beklaaid mei wite moarmer. Dêrboppe binne de muorren hielendal mei byzantynskeByzantynske mozaïekenmozaiken bedutsen. Se binne fan 1179 oant 1182 troch lokale keunsterskeunstners en keunsterskeunstners út [[Konstantinopel]] oanbrocht en beslaan meiïnoar in oerflak fan 6.340 m². It houten plafond moast nei de brân fan 1811 foar in grut part fernijd wurde.
 
==== Apsiden ====
Yn de haadapsis wurde [[Jezus (tradisjoneel-kristlik)|Kristus]] as [[Pantokrator]] ("Hearsker fan de Wrâld") en de yn 'e himmelhimel opnommen [[Marije (mem fan Jezus)|Mem fan God]] útbylde. De sân meter hege en trettjin meter brede Kristus nimt de hiele boppeseksje fan de apsis yn beslach. Yn de lofter hân hâldt Er de iepensleine [[Bibel]] fêst mei dêrop de [[Gryksk|grykskeGrykske]] en [[latynskLatynsk]]e wurden út [[Evangeelje fan Jehannes|Jehannes]] 8:12: "Ik bin it Ljocht fan 'e wrâld. Wa't my neifolget sil wis nea yn it tsjuster wêze". Under Kristus is in troanendetroanjende Marije mei oan wjerssiden aartsingels en apostels te sjen. De seksje dêrûnder telt fjirtjin hilligen.
De súdlike apsis toant sênes út it libben fan [[Petrus]] en de noardlike apsis fan de apostel [[Paulus]].
 
==== MozaïekenMozaiken ====
Op in gouden ûndergrûn byldzje de mozaïekenmozaiken fan it middenskip en de westlike muorre yn trije rigen foarstellings fan it bibelboekBibelboek [[Genesis (bibelboek)|Genesis]] út. De bopperige toant it skeppingsferhaal oant de ferballing út it paradys, wylst de ûnderste rige sênes út it libben fan de aartsfaders [[Noäch (bibelsk persoan)|Noäch]], [[Abraham (aartsfaar)|Abraham]], [[Izaäk (aartsfaar)|Izaäk]] unden [[Jakob (aartsfaar)|Jakob]] toant.
 
De mozaïekenmozaiken fan it [[Koer (tsjerke)|koer]] en de [[transept|dwersskippen]] fertelle oer it libben fan Jezus fan de [[Ferkundiging fan de Hear|ferkundiging]] oant de himelfeart en it [[Pinkster|útstoarten fan de Hillige Geast]]. Yn de sydskippen binne de wûnders fan Jezus ûnderbrocht.
<center><gallery perrow=6 widths="1200px" heights="200px">
File:Sicilia Monreale3 tango7174.jpg|thumb|<center>''Ald-testamintyskeAldtestamintyske foarstellings oan de arkades''</center>
</gallery></center>
==== Ynrjochting ====
 
==== Kapel ====
Oan de súdlike kant is de yn 1569 oanboude kapel fan Sint-Benediktus, dy'tdy’t hjoeddedeihjoed-de-dei as sakramintskapel tsjinnet.
[[File:Monreale - Kathedrale Kreuzgang 05 Brunnenhof.JPG|thumb|left|260px|<center>''Kleastergong mei fontein''</center>]]
== Kleastergong ==
Allinne de kleastergong tsjûget tsjintwurdich noch fan it eartiids by de katedraal hearrende [[Benediktinen|benediktynske]] kleaster. De kleastergong is 47 meter by 47 meter. De binnenhôf wurdt troch alle kanten omseame fan 26 spitsbôgige arkades dy't droegen wurde troch dûbele pylders. Guon pylders binne ienfâldich, wylst oaren bygelyks in fiskgraadfiskgraat- of skroeffoarmige dekoraasje hawwe en wer oaren fersierd binne mei mozaïekenmozaiken. Ek de [[Kapiteel|kapitelen]] hawwe in grut ferskaat oan fersierings. Yn in hoeke fan de kleastergong is in fontein ûnderbrocht.
{{Boarnen|boarnefernijing=
* Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [[:de:Kathedrale von Monreale]]
419

bewurkings