Proto-Germaansk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
No edit summary
 
Rigel 33:
 
==Untwikkeling fan 'e Germaanske taalkloften==
TradysjoneelTradisjoneel waard foarhinne ûnder [[taalkundige]]n de teory oanhongen dat de earste spjalting yn it Germaansk dy tusken it [[Westgermaanske talen|Westgermaansk]] en it saneamde [[Goato-Noardsk]] (it [[Noardgermaanske talen|Noard]]- en [[Eastgermaanske talen|Eastgermaansk]]) wie. It fuorttsjen fan 'e [[Goaten]] en de oare [[Eastgermanen|Eastgermaanske]] [[folk]]en út harren stamlannen yn súdlik Skandinaavje soe dan letter de spjalting tusken it Noard- en Eastgermaansk feroarsake hawwe. Tsjintwurdich wurdt it lykwols as in stik wierskynliker beskôge, dat der nei it fuorttsjen fan 'e Eastgermanen noch in hoart in Noard- en Westgermaanske ienheidstaal bestien hat, mooglik oant yn 'e [[fyfde iuw]].
 
Dy lêste teory wurdt ûnderboud troch de bekende runeynskripsje op 'e [[Goudene Hoarnen fan Gallehus|Gouden Hoarn B fan Gallehus]], yn súdlik [[Jutlân]], dy't datearret út 'e iere [[fyfde iuw]]. Op 'e hoarn stiet: "''ek hlewagastiʀ holtijaʀ horna tawido''" (de letter ʀ stiet dêrby foar de [[breikjende r]]). Dizze tekst soe betsjutte kinne: "Ik, Hlewagastiʀ, soan fan Holt, haw de hoarn makke" (ferlykje ''tawid(o)'' mei it Nederlânske ''(vol)tooid'') of: "Ik, Hlewagastiʀ, soan fan Holt, haw de hoarn fersierd" (ferlykje ''tawid(o)'' mei it Nederlânske ''(ge)tooid''). De foarmen dy't hjir brûkt binne, slute Noardgermaansk noch Westgermaansk út (al wiist de foarm fan 'e h-rune op it Noardgermaansk), mar Eastgermaansk kin it dúdlik net wêze. Yn it Goatysk fan dy tiid soe de tekst west hawwe: "''ik hliugasts hulteis haúrn tawida''".