Alderheljen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Rigel 1:
[[File:All-Saints.jpg|right|thumb|270px|''Alderheljen'', in [[skilderij]] út omtrint [[1425]] fan [[Fra Angelico]] ([[1395]]-[[1455]]).]]
'''Alderheljen''' of '''Alderheljendei''' ([[Latyn]]: ''Sollemnitas Omnium Sanctorum'') is in [[kristlik]]e [[hjeldei]] dy't yn it [[Westerske kristendom]] op [[1&nbsp;novimber]] falt. Yn [[Fryslân]] spriek men foarhinne wol fan Ald Alderheljen ([[12&nbsp;novimber]]) en Nij Alderheljen ([[1&nbsp;novimber]]),<ref>{{Berjocht:Frysk-Nederlânsk|29}}</ref> dat it ferskil tusken de (âlde) [[Juliaanske kalinder|Juliaanske]] en (nije) [[Gregoriaanske kalinder]] oanjoech. Alderheljen wurdt fierd troch de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]], de [[Anglikaanske Tsjerke]], de [[Lutheranisme|Lutherske tsjerken]] en de [[metodisme|metodistyske tsjerken]]. Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke is it in [[heechfeest]]. Alderheljen is besibbe oan [[Halloween]], dat in [[dei]] earder falt, op [[31&nbsp;oktober]], en oan [[Aldersielen]], dat in dei letter falt, op [[2&nbsp;novimber]]. Ek yn it [[Easterske kristendom]] wurdt Alderheljen fierd, yn 'e [[Eastersk-Otterdokse Tsjerken]] en de dêrmei ferbûne [[Eastersk-Katolike Tsjerken]] op 'e earste [[snein]] nei [[Pinkster]], en yn 'e [[Oriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken]] en de dêrmei ferbûne Eastersk-Katolike Tsjerken op 'e earste [[freed]] nei [[Peaske]].
 
Op Alderheljen wurde fan âlds alle kristlike [[hillige]]n en [[martelder]]s [[betinking|betocht]], oft se no bekend of ûnbekend binne. [[Frommens|Fromme]] [[kristen]]en út [[tsjerkgenoatskip]]pen dy't Alderheljen fiere, geane op dy hjeldei nei [[tsjerke]] om in [[earetsjinst]] by te wenjen. Ek [[gebed|bidde]] se foar de [[deade]]n en besykje se [[begraafplak]]ken om [[blom]]men op 'e [[grêf|grêven]] fan 'e [[ferstoarne]]n te lizzen en dêr [[kjers]]en te brânen. Yn [[Dútslân]] en [[Eastenryk]] traktearje [[peetâlden]] harren [[peetbern]] op Alderheljen op ''[[Allerheiligentriezel]]'', in soarte fan [[bôle]]. Fierders wurde in protte saneamde alderheljenmerken organisearre. De grutste alderheljenmerk yn [[Nederlân]], mei 80.000 oant 100.000 besikers. fynt elts jier plak yn it [[Grinslân]]ske [[Wynskoat]].