Spaansk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 22:
taalkoade ISO 639-3/DIS = spa |
}}
[[Ofbyld:Castellano-Español.png|thumb|<small>{{Leginda|red|De mearderheid seit castellano}}{{Leginda|blue|De mearderheid seit español}}</small>]]
'''Spaansk''' (Spaansk: ''español'') of '''Kastiliäansk''' (''castellano'') is in [[Romaanske taal]] en is ien fan de meast sprutsen talen op 'e wrâld. Hjoed de dei is it Spaansk de offisjele taal fan [[Spanje]], de measte [[Súd-Amearika|Súd-Amearikaanske lannen]] en ekwatoriaal Guinee. Spaansk is ek ien fan de seis offisjele talen fan de [[Feriene Naasjes]].
 
[[Meksiko]] is it grutste Spaansktalige lân en it is de grutste twadde taal yn 'e [[Feriene Steaten fan Amearika]].
 
== Namme ==
Yn it Spaansk binne der twa nammen foar de taal dy’t synonym fan elkoar binne: ''español'' (Spaansk) en ''castellano'' (Kastiliaansk).
 
=== Oarsprong ===
De namme ''castellano'' hat syn oarsprong yn de [[midsiuwen]], doe’t it de sprektaal wie fan it [[Keninkryk Kastylje]] (skriuwtaal wie it [[Latyn]]).
 
De oare namme, ''español'' (Spaansk), soe fan de midsiuwske Latynske oantsjutting ''Hispaniolus'' komme. Der besteane ferskate teoryen oer de ûntjouwing fan it wurdsje ''Hispaniolus'' troch de iuwen hinne.
 
Troch histoaryske en sosjaal-ekonomyske ûntwikkelingen koe it Kastiliaansk de grutste taal fan it [[Ibearysk Skiereilân]] wurde. Der wurdt grute dat healwei de 16e iuw sa likernôch 80% fan de Spanjerts Kastiliaansk praten. <ref>Irene Lozano: ''Lenguas en guerra.'' Espasa Calpe, 2005, side 92.</ref>
 
=== Hjoeddeistich gebrûk ===
Hjoed-de-dei wurdt de namme ''español'' it measte brûkt, yn it foarste plak yn [[Latynsk-Amearika]], mar ek yn [[Spanje]].
 
Neffens offisjele ynstituten hat de namme ''español'' de foarkar.<ref name="RAE castellano">{{es}} Real Academia Española, [http://lema.rae.es/dpd/?key=espa%C3%B1ol Diccionario de dudas, Español]</ref> Yn it grutste part fan Súd-Amearika en yn de Spaanske regio’s, dêr’t in regionale taal of minderheidstaal praat wurdt, brûke se de namme ''castellano'' faker om it Spaansk mei oan te tsjutten. Dat binne de gebieten [[Kataloanje]], [[Falensia]] en de [[Balearen]], dêr’t se Katalaansk prate, it [[Baskelân]] dêr’t se [[Baskysk]] prate, en [[Galysje]] dêr’t se [[Galisysk]] prate. Yn de Spaanske Grûnwet fan 1978 wurdt it Spaansk mei ''castellano'' ynstee fan ''español'' oantsjutten.<ref>{{es}} [https://www.boe.es/legislacion/documentos/ConstitucionCASTELLANO.pdf Spaanske grûnwet fan 1978], sjoch kêst 3, lid 1</ref>
 
Neffens de [[Real Academia Española]] fertsjinnet de namme ''castellano'' de foarkar om dêrmei de taal fan it midsiuwske Keninkryk Kastylje of it hjoeddeistige dialekt fan Kastylje oan te tsjutten.
 
Yn it Frysk wurdt de taal ornaris ''Spaansk'' neamd. Yn de [[Fryske beweging|Fryske bewegersrûnten]] wurdt út ideologysk motyf it wurdsje ''Kastiliaansk'' (of de fariant ''Kastiljaansk'') brûkt, faak ek as teken fan ferbûnens mei de nasjonale minderheden fan Spanje.
 
== Skiednis ==