Oerlis:Hylpersk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: Under it kopke "Untwikkeling" stie dat der oant likernôch 1800 yn Koudum in dialekt sprutsen waard dat tige op it Hylpersk liek. Ik fermoedzje dat hjir in flater yn it spul is en dat ...
 
→‎Grammatika: nije seksje
Rigel 1:
Under it kopke "Untwikkeling" stie dat der oant likernôch 1800 yn Koudum in dialekt sprutsen waard dat tige op it Hylpersk liek. Ik fermoedzje dat hjir in flater yn it spul is en dat net Koudum, mar Molkwar bedoeld wurdt; dat hie nammentlik yndie in eigen dialekt dat wol wat fan it Hylpersk wei hie en dat is yn 'e njoggentjinde ieu útstoarn. Oer it bewearde dialekt fan Koudum haw ik it ynternet ôfsocht, mar wat serieuze siden oangiet, waard it inkeld hjirre en op 'e Nederlânske wikipedia neamd, en de Nederlânske hat it foar it neist fan ús oernommen. Yn elts gefal haw ik de tekst oangeande Koudum foarearst feroare yn Molkwar. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|talk]]) 11 apr 2013, 17.57 (CEST)
 
== Grammatika ==
 
Der stiet hjir in protte oer de skaaimarken fan it Hylpersk, mar neat oer de grammatikale ferskillen tusken it Hylpersk en it Standerdfrysk. Kin ik dêrút konkludearje dat de grammatika fan it Hylpersk net folle ôfwiket fan it 'gewoane' Frysk? [[Meidogger:Steinbach|Steinbach]] ([[Meidogger oerlis:Steinbach|oerlis]]) 26 aug 2019, 23.57 (CEST)
Werom nei de side "Hylpersk".