Ferskil tusken ferzjes fan "Polder Reahel"

gjin bewurkingsgearfetting
| webside =
}}
'''Polder Reahel''' is in [[natoergebiet]] oan it Margrytkanaal de noardkant fan [[Stynsgea]]/[[Reahel (Achtkarspelen)|Reahel]] endat wurdtbeheard wurdt beheard troch [[Steatsboskbehear]].
 
It gebiet stiet as fergrûven grûn oanjûn op de earste kadastrale kaart fan 1832. De baggelspeesje waard doee mei in baggelbûgel omheech helle en waard dan op setekers te droegjen lein om der turf fan te snijen. De Reahelsterpolder waard yn 1879 oanlein. It doel wie om nei de oankeap fan in stik lân in mole en in moolnerswente te setten.<ref>[http://www.molendatabase.org/molendb.php?step=details&nummer=11542 Moledatabank]</ref> De mole, dy’t it wetter út it leechlizzende moerassige gebiet pompte, baarnde op 10 juny 1910 ôf nei bliksemynslach. De mole waard doe ferfongen troch in steamgemaal mei in tsjettelhûs en in hege mitsele piip. Om de hege stookkosten mei stienkoal krige it steamgemaal letter in dieselmotor en yn 1946 elektryske oandriuwing. Troch de ûntwettering waard it lân geskikt foar feehâlderij.
13.910

bewurkings