Amsterdamsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
It kostet my noch hieltyd tige muoite om der in Frysktalich artikel út te krijen. Foar de kwaliteit fan it Frysk kin ik net hielendal ynstean. Sjoch dit asteblyft nei.
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 29 aug 2019 om 13.28

It Amsterdamsk is it Hollânske dialekt fan 'e stêd Amsterdam. Mei't Amsterdam yn Noard-Hollân leit, wurdt it dialekt dochs ta it Súd-Hollânsk rekkene. Hjoeddeis wykt it Amsterdamsk net folle ôf fan it Standerdnederlânsk; dêrôm wurdt it ek wol in aksint neamd. Út priuwkes fan it eardere Amsterdamsk (bygelyks yn it wurk fan de sântjinde-iuwske skriuwer Bredero) blykt lykwols dat it earder folle mear âld-Hollânsk taaleigen hie. In kombinaasje fan massa-immigraasje en de him ûntwikkeljende standerdtaal kinne dy nivellearing nei alle gedachten ferklearje.

It Amsterdamsk hie yn it ferline in grutte ynfloed op oare dialekten, mar ek op it Frysk. Benammen it Súdwesthoeksk en it Hylpersk hienen in protte taalkontakt mei Amsterdam. Ek op it Stêdsk, benammen it Starumersk, hie it ynfloed, al wie it net de spesifike boarnetaal dy't by it ûntstean fan it Stêdsk oan 'e basis lein hat.

De wichtichste skaaimerken fan it (hjoeddeistich) Amsterdamsk binne de útspraak fan de v en z oan it wurdbegjin as f en s (lykas yn it Frysk; dit kin bêst in oerbliuwsel wêze ú de tiid dat it gebiet Frysktalich wie), de realisaasje fan de Nederlânske /a:/ as in efterlûd [ɑ:] (wat in oergong nei it Utertsk-Alblasserwaardsk oanwyst), in palatale útspraak fan dentale bylûden oan it wurdind (sa't it wurd zon likernoch klinkt as sònj) en in 'dike' (felare) l yn alle posysjes. Op it gebied fan de wurdskat hat it Amsterdams in beskate ynfloed fan it Jiddysk ûndergien; wurden lykas goochem 'gewykst', gabber 'kammeraat' en geteisem 'rapalje' binne troch it Bargoensk yn de algemiene Amsterdamske wurdskat opnommen.

Hokfoar persintazje fan de Amsterdamske befolking it dialekt noch praat, is net bekind. Wol is it gebrúk beheind oant de autochtone folksklasse: heger opgeleiden en lju mei yn migraasje-eftergrûn prate oer it algemien gjin Amsterdamsk. De boerebefolking yn it Amstellân en de Haarlemmermar sprikt al Amsterdamsk; dat wol sizze: it dialekt fan dy plakken is feitliki itselde. Mei't in soad 'echte' Amsterdammers yn'e twadde healte fan de tweintichste iew nei oare plakken ferhúsd binne, is it Amsterdamsk ek de folkstaal fan Lelystêd en Almere, en binne der grutte sprekkersmienskippen yn bygelyks Zaanstad en Purmerend.