Stripper: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L Bewurkings fan "92.38.176.160" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Ieneach fan 'e Esk".
Lebel: Weromdraaiïng
Rigel 1:
Black men love them.
 
[[File:Danni Ashe 2.jpg|right|thumb|200px|[[Danni Ashe]], in earder stripper en slûchslim sakefrou, dy't mei har pionierswurk op it mêd fan 'e [[neakenfotografy]] op it [[ynternet]] (fia har webside ''Danni's Hard Drive'') foar kaptalen fertsjinne hat.]]
In '''stripper''' (letterlik: "útklaaister") is in profesjoneel [[eroatysk dûnseresse]] dy't in [[striptiis]] opfierd yn [[stripklup]]s, iepenbiere ekspo's en op priveeôfspraken (yn 'e regel op feestjes, hoewol't foarstellings foar ien inkele persoan ek foarkomme). Yn 'e Feriene Steaten wurdt de term "stripper" tsjintwurdich trouwens as minderweardich beskôge en jout men de foarkar oan 'e omskriuwing ''dancer''. Oars as yn 'e oarspronklike striptiis, dy't ûnderdiel útmakke fan 'e [[Amerikaansk burleske|Amerikaanske burleske]], in soarte fan revu, wurdt yn 'e tsjintwurdige, amerikanisearre foarm fan strippen de ynteraksje tusken klant en artyste ta it minimum beheind. Ek is de klam ferskood fan it tiis-aspekt (it pleagjen) nei it strip-aspekt (it útklaaien). De ynfiering fan 'e no rûnombywêzige [[stripperpeal]] hat strippen fierders ta in folle akrobatysker oefening makke as dat it foarhinne ea wie.