Wettertoer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Robot: Verplaatsing van 1 interwikilinks. Deze staan nu op Wikidata onder d:q274153
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Roihuvuori water tower - Helsinki Finland.jpg|thumb|Wettertoer yn [[Helsinky]]: 52 m heech en in ynhâld fan 12.000 m³ (dit is in tige grutte wettertoer, as fergeliking: hjirmei kin in stêd fan mear as 100.000 ynwenners in dei fan wetter foarsjoen wurde)<ref>Rekkenjend mei in wetterferbrûk fan 115 liter per ynwenner per dei, it gemiddeld wetterferbrûk yn Fryslân neffens: De loop van het Friese water - G. ter Haar, P.L. Polhuis</ref>]]
[[Ofbyld:Naaldwijk watertoren.jpg|thumb|Wettertoer yn [[Naaldwyk]]]]
In '''wettertoer''' is in wettertank dy’t op in sekere hichte boud is. De wetterkolom yn de toer wurdt brûkt om de druk yn it [[wetterlieding]]net konstant te hâlden. Dy druk is evenredich mei it [[peil]] fan it wetter: foar elke tsien [[meter]] is de druk sa. 10 N/sm² heger (ofwol 100 kilo[[Pascal (ienheid)|Pascal]]). By wetterbedriuwen is it noch altyd wenst de druk út te drukken yn 'meters wetterkolom'; de ôfleverdruk (en dus de hichte fan de wettertoer) is ûngefear 30 meter wetterkolom. By in te hege druk, mear as 40 mwk, soenen de liedingen en kranen skea oprinne kinne, by minder as 20 mwk komt der in te leech [[debyt]] út de kraan. Dy hichte is ''ynklusyf'' in eventuele natuerlike ferheging dêr't de wettertoer op boud is.
 
== Pleatsing en ynhâld ==
Rigel 9:
Oarspronklik hienen wettertuorren dêrom in grutte "kop", dy't de skommelings opfong, en wêrtroch de [[pomp]]en dy't it wetter op dy hichte brochten net bysteat hoegden te wêzen de piken opfangen te kinnen. Troch de hege kostpriis fan wettertuorren en it oantaasten fan it lânskip wurde de measte nije tuorren, net al te grut, op in sa heech mooglik plak boud. Om wol genôch buffer te hawwen wurdt der dan in grutter reservoir ûnder boud. Der wurdt dan kontinu wetter fan de buffer nei de wettertoer pompt. Dit betsjut al dat de pompe by steat wêze moat wetter te pompen sa hurd at it ôfnaam wurdt fan it net.
 
De gemiddelde ynhâld fan in wettertoer leit tusken de 450 m³ en 2500 m³ (http://www.tmvw.be/default.aspx?id=99&mid=69 ) en in hichte fan 20 -oant 60 meter. Troch de grutte ôfmjittings en it faak karakteristike uterlik is de wettertoer byldbepalend foar de omkriten. Der binne in soad minsken dy’t in wettertoer net misse wolle. Doe‘t yn [[2007]] sprake wie fan it ôfbrekken fan de Akkrumer wettertoer waard der fuort in aksjegroep oprochte om dat te kearen.
 
== Skiednis ==
Wettertuorren waarden yn de wrâld boud sûnt [[1836]]. De earst boude wettertoer fan Nederlân wie de wettertoer fan [[De Helder]], yn [[1856]].
 
Op syn heechst wienen der yn Nederlân sa'n 260 wettertuorren. Yn 2006 stienen der noch 170, wêrfan't de helte noch brûkt wurdt. De wettertuorren fan bygelyks [[Amsterdam]] en [[Utert (stêd)|Utertt]] wurde noch brûkt. Party oare wettertuorren krije in oare bestimming, lykas wente ([[De Jouwer]]) of restaurant. De wettertoer fan It Hearrenfean is yn [[1982]] sloopt omdat opknappen te djoer wie.
 
Tsjintwurdich is yn Fryslân de taak fan in wettertoer oernommen troch pompen en regelders. De pompen hawwe as neidiel dat se útfalle kinne by in stroomsteuring; oars as by in klassike wettertoer is der dan gjin buffer yn de tank. Fanwege de wetlike leveringsplicht hawwe de drinkwetterbedriuwen wol faak foarsjennings as dieselpompendiselpompen of needstroomsystemen om de gefolgen fan in steuring te beheinen.
 
Fan de wettertuorren dy’t der noch steane, hawwe de measte de status fan [[monumint]]. Inkele arsjitekten fan wettertuorren yn Nederlân wienen: