André Hazes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wwikix (oerlis | bydragen)
Rigel 7:
Yn syn bernetiid libbe André Hazes yn de Amsterdamske folkswyk [[De Piip]]. Fan jongs ôf hold er fan muzyk - fral fan [[blues]] en [[rock 'n' roll]]. Syn sjongtalint waard al yn [[1958]] ûntdutsen troch [[Johnny Kraaykamp sr.]], doe't André op de [[Albert Cuypmerk]] stie te sjongen. Hy waard doe troch Johnny Kraaykamp as bernstjer lansearre yn it tillefyzjeprogramma ''[[AVRO's weekendshow]]''. Der waarden in pear singeltsjes útbrocht, mar de lytse Hazes waard gjin súkses.
 
Yn [[1976]] waard Hazes op 'e nij ûntdutsen, diskear troch [[Willy Alberti]]. Hazes hie baantsjes hân as fabryksarbeider, lichtmatroas, boekbiner, blommebesoarger, fytsmakker, skoarstienreager, slachtersfeint, boufakarbeider, grûnwurker, sloper, platespiler, merkkeapman en kelner, en op dat stuit hie er wurk as barman. It sjongen seach er as leafhawwerij. Troch Alberti waard der in single útbrocht fan syn lied ''Eenzame Kerst'', dat daalks in sukses wie. Dernei wienen ek ''Mamma'' (''Memme'') en ''De Vlieger'' súkseskes.
 
== Hichtepunten ==