Reinbôge: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L + kleuren
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:reinboge.jpg|thumb|right|Reinbôge]]
In '''reinbôge''' is in [[ljocht]]ferskynsel. At it ljocht fan de [[sinne]] troch lytse reindropkes wjerkeatst wurdt, dan fungearre dy droppen as in [[optysk prisma]], en wurdt it ljocht dield. Sadwaande kinne op ôfstân de aparte [[kleur]]en sjoen wurde. Dy kleuren binne: [[read]], [[oranje]], [[giel]], [[grien]], [[blau]] en [[fiolet]]. Om't de hoeke fan it ljochtdielen foar eltse kleur fêst stiet, is beheind fia hokfoar paad it ljocht by de sjogger oankomme kin. At de sinne efter de sjogger is, dan wurdt der troch de mûglike richtings krekt in bôge foarme. Sa wurdt tsjin de reinloft in bôge fan ljocht foarme, mei oan de bûtenkante rea en oan de binnekante blau.
 
Njonken ljocht dat daalks wjerkeatst wurdt, kin soms ek ljocht sjoen wurde dat twa kear wjerkeatst is. Dat foarmet dan in twadde bôge bûten de earste, mar troch in wjerkeatsing mear binne de kleuren krekt oarsom: oan de bûtenkante blau en oan de binnekante rea. At der in protte ljocht is kin it sels barre dat der mear as twa bôgen binne.