Hy waard berne yn Reahûs (yn doe noch gemeente [[Littenseradiel]]) dêr't syn âlden in [[melkfeehâlderij]] hiene.
Nei in agraryske oplieding gied ieer oan 't wurk yn de suvelyndustry[[suvel]]yndustry en letter wie er manager yn de agraryske tsjinstferliening. Dêrneist wie Agricola belutsen by de gemeentlike polityk. Foar de lokale partij 'Gemeentebelangen Dalfsen' kaam er yn 2007 tuskentiidsk yn de gemeenteried fan [[Dalfsen]]. Yn 2010 wie er dêr hast acht jier [[wethâlder]]. Ein 2017 waard Agricola, hoewol't er gjin lid is fan in lanlike politike partij, [[boargemaster]] fan [[Dantumadiel]]. Yn jannewaris 2017 is Dantumadiel amtlik fusearre mei de gemeenten [[Dongeradiel]], [[Ferwerderadiel]] en [[Kollumerlân en Nijkrúslân]]. Dy oare gemeenten binne yn 2019 bestjoerlik fusearre ta de gemeente [[Noardeast-Fryslân]], mar Dantumadiel keas foar it trochgean fan amtlike gearwurking sûnder te fusearjen. Sadwaande is Agricola boargemaster fan in gemeente mei fierhinne gjin eigen amtners.