Prêrjewolf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L koyote ->> coyote
Rigel 16:
|-
|}
{{Oar|de bistesoart koyotecoyote|koyotecoyote (betsjuttingsside)}}
De '''prêrjewolf''' of '''koyotecoyote''' ([[Latyn]]ske namme: ''Canis latrans'') is in [[sûchdieren|sûchdier]] út it [[skift]] fan 'e [[rôfdieren]] (''Carnivora''), de [[famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[hûneftigen]] (''Canidae'') en it [[skaai (taksonomy)|skaai]] fan 'e [[hûnen]] (''Canis''), dat lânseigen is yn it grutste part fan [[Noard-Amearika]] en teffens yn [[Midden-Amearika]]. De prêrjewolf is in stik lytser as de [[grize wolf|wolf]] (''Canis lupus''), dêr't er net mei betize wurde moat. Fanwegen syn lichemsgrutte en de [[ekology]]ske [[nys]] dy't er ynnimt, wurdt dit bist ek wol de '''Amerikaanske jakhals''' neamd.
 
De prêrjewolf ûntjoech him lykwols ûnder it [[Pleistoseen]], sa'n 1,8 miljoen jier lyn, yn [[Noard-Amearika]], en is nauwer besibbe mei de wolf as mei de [[jakhalzen]] fan [[Afrika]] en [[Jeraazje]]. Oars as dat mei de wolf it gefal is, hat de prêrjewolf krekt baat ûnderfûn fan 'e opmars fan 'e [[minske]], û.m. om't er him maklik oanpast oan it libben yn [[stêd]]en en oare troch de minske makke [[biotoop|biotopen]], en teffens om't de minske op in protte plakken war dien hat om 'e wolf út te rûgjen, dy't de grutste natuerlike konkurrint en fijân fan 'e prêrjewolf is. De prêrjewolf spilet fierders in wichtige rol yn 'e [[mytology]] fan ferskate [[Noard-Amearika|Noardamerikaanske]] [[Yndianen|Yndiaanske]] [[folk]]en, yn 'e foarm fan [[KoyoteCoyote (mytology)|KoyoteCoyote]], in [[godheid]] en [[trickster]].
 
==Namme==
De namme 'prêrjewolf' is ûntliend oan 'e [[prêrje]]s, de [[gers]]flakten fan [[Noard-Amearika]], dy't in grut part fan it [[ferspriedingsgebiet]] fan 'e prêrjewolf útmeitsje. Nettsjinsteande dat komt dit bist ek foar yn [[berch|bergen]], [[wâld]]en en [[woastyn|woastinen]]. De alternative namme 'koyotecoyote' komt fan it [[Ingelsk]]e ''coyote'' (útsprutsen mei trije of twa [[wurdlid]]den, as "kojoté" of "kojoot"), dat ûntliend is oan 'e [[Spaansk]]e beneaming ''coyote'' (altyd trije wurdlidden), dat wer weromgiet op it [[Azteeksk]]e wurd ''cóyotl'', dat "[[trickster]]" betsjut (yn 'e [[mytology]]ske betsjutting) of gewoan "skarlún". De [[wittenskiplike namme]] ''Canis latrans'' is [[Latyn]] foar "blaffende hûn".
 
==Fersprieding==