Night Broken: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L koyote ->> coyote
Rigel 23:
__TOC__
==Ynhâld==
Mercedes "Mercy" Thompson is in jonge [[frou]] dy't it fermogen om harsels yn in [[prêrjewolf]] (koyotecoyote) [[stalferwikseling|te feroarjen]] urven hat fan in [[Yndianen|Yndiaanske]] [[heit]] dy't in [[reynkarnaasje|ynkarnaasje]] fan 'e [[godheid]] en [[trickster]] [[KoyoteCoyote (mytology)|KoyoteCoyote]] wie. Hja hie yn 'e [[Tri-Cities (Washington)|Tri-Cities]] ([[Richland (Washington)|Richland]]-[[Kennewick (Washington)|Kennewick]]-[[Pasco (Washington)|Pasco]]), yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Washington (steat)|Washington]], as [[monteur]] en eigneresse fan in [[garaazje (bedriuw)|garaazje]] in relatyf normaal bestean opboud oant se yn 'e foargeande dielen fan 'e searje almar djipper behelle rekke yn 'e oangelegenheden fan 'e pleatslike [[boppenatuerlike]] mienskip. Boppedat is se ûnderwilens [[houlik|troud]] mei har eardere buorman Adam Hauptman, in [[skieding (houlik)|skieden]] [[heit]] mei in [[dochter|tinerdochter]], dy't ek de alfa (lieder) fan 'e pleatslike [[Kolumbia (rivier)|Kolumbia]]-troep fan [[wearwolf|wearwolven]] is.
 
Yn ''Night Broken'' wurdt Mercy har man Adam skille troch syn eks-frou Christy, dy't op 'e flecht is foar in [[stalker]]. Hja hat in [[onenightstand]] hân mei in jonge [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino]], in Juan Flores, mar de man is neitiid troch har obsedearre rekke. Hy hat Christy [[mishanneling|bûnt en blau slein]], en de man dêr't se nei Flores mei útgie, is omkommen by in [[dieverij|strjitrôf]], wêrfan't se fermoedet dat Flores derefter sit. No freget hja har eks-man om beskerming, en dy kin dat kwealk wegerje oan 'e [[mem]] fan syn [[dochter]]. Mercy kin der ek neat tsjin ynbringe, hoewol't se Christy net sjen of luchtsje kin. En dêr hat se goede redens foar, want Christy is der noch mar krekt, of se begjint op 'e manipulative wize dy't har sa eigen is de twaspjalt yn 'e wearwolvetroep (dy't dochs al bestie om't guon fan 'e wolven muoite hawwe om in prêrjewolf yn 'e ridel te akseptearjen) grutter te meitsjen troch de troep te ferdielen yn in Christy-kamp en in Mercy-kamp.
 
Tagelyk arrivearret der in nije wearwolf yn 'e Tri-Cities, in ûnderdienigen-ien, dy't Zack Drummond hjit, en dy't troch Mercy en Adam yn 'e troep opnommen wurdt. Underwilens kriget Mercy besite fan Alastair Beauclaire, alias Gwyn ap Lugh, ien fan 'e Grize Hearen, dy't hearskje oer de [[ierdgeast]]en. Hy wol de [[magy]]ske [[gongelstôk]] weromhawwe dy't Mercy foar it earst tsjinkaam ûnder in earder aventoer mei de ierdgeasten (sjoch: ''[[Iron Kissed]]''), en dy't sûnt allegeduerigen yn har om-en-by omhinget. Hoewol't de ierdgeasten har derfan bewissige hawwe dat de gongelstôk ien fan harren 'mindere' magyske foarwerpen is, hat it ding troch syn grutte âlderdom in eigen wil ûntwikkele. En hy wol blykber by Mercy bliuwe, want eltse kear as se him oan 'e ierdgeasten weromjoech, dûkte er koarte tiid letter wer by har thús of yn har [[garaazje (bedriuw)|garaazje]] of yn har [[auto]] op. In pear moanne earder hat se de gongelstôk brûkt by it deadzjen fan in [[rivier]]meunster (sjoch: ''[[River Marked]]''), en dêrtroch waard it ding noch eigensinniger en ek in stik gefaarliker. Sadwaande hat se him úteinlik kado dien oan har heit [[KoyoteCoyote (mytology)|KoyoteCoyote]], dy't se machtich genôch ornearre om 'e gongelstôk de baas te bliuwen. Beauclaire, dy't de soan is fan 'e [[godheid]] [[Lugh]], de makker fan 'e gongelstôk, is net bliid om te hearren wêr't it ding bedarre is, en hy jout Mercy in [[wike]] om him fan KoyoteCoyote werom te krijen, of oars sille se in minder beleefd petear hawwe.
 
Koart nei Christy har oankomst yn 'e Tri-Cities, krije Mercy-en-dy berjocht dat Christy har appartemintekompleks yn har wenplak [[Eugene (Oregon)|Eugene]] ôfbaarnd is. It blykt oanstutsen te wêzen, en de fertinking falt op 'e nij op Juan Flores. Adam set ien fan 'e wolven fan 'e troep, Warren Smith, dy't as [[privee-detektive]] wurket, op 'e saak om út te sykjen wa't Flores is en wêr't er weikomt. Dat falt lykwols net ta, want der blykt nochal ris in Juan Flores te wêzen. As Christy fertelt dat de man altyd mei twa grutte dûnkere [[hûn]]en omrûn, giet Mercy by Lucia, de [[oarehelte|frou]] fan har freon Joel Arocha, te rie, dy't hûnen fokt. Sa komme se derefter dat it om eksimplaren fan it [[list fan hûnerassen|ras]] [[perro de presa Canario]] giet, in frij seldsum hûneras, ôfkomstich fan 'e [[Kanaryske Eilannen]].
 
Yn 'e tuskentiid hat Mercy ek út alle macht besocht en kom yn kontakt mei KoyoteCoyote, mar mei him is it sa dat er nearne te bekennen is krekt as men it measte ferlet fan him hat. Fia-fia kriget Mercy de wink om ris kontakt op te nimmen mei in Gary Laughingdog, in [[Yndianen|Yndiaan]] dy't yn [[Connell (Washington)|Connell]], net fier fan 'e Tri-Cities, in [[selstraf]] útsit yn it [[Coyote Ridge Corrections Center]], in federale [[finzenis]]. Dat soe krekt as sysels in [[stalferwikseling|stalferwikselder]] wêze dy't de foarm fan 'e prêrjewolf oannimme kin. As se him yn it tichthûs besiket, kin Gary har lykwols net helpe, om't er sels altyd alle war docht om KoyoteCoyote sa fier mooglik út syn buert te hâlden. Behalven in stalferwikselder is Gary ek in [[sjenner]], en oan 'e ein fan syn petear mei Mercy kriget er in [[fizioen]] dat him [[bewusteleazens|bewusteleas]] efterlit. Koarte tiid letter heart Mercy dat Gary Laughingdog útbrutsen is út it tichthûs en op frije fuotten is. As har freon Tony Montenegro, dy't [[plysje]]resjersjeur yn [[Kennewick (Washington)|Kennewick]] is, by har komt, ferwachtet se dat er har oer Gary befreegje wol, mar hy blykt har help nedich te wêzen by it oplossen fan in [[moard]]saak. Der binne trije [[frou]]lju, in pear [[hûn]]en en in pear [[hynder]]s ôfslachte yn in [[fjild]] bûten de [[stêd]]. Mercy wit net hokfoar sike geast oft dêrfoar ferwantwurdlik is, en se kin de plysje dan ek allinnich fertelle dat it yn elts gefal gjin wearwolven of ierdgeasten wiene.
 
In dei letter is Mercy nei slutingstiid allinnich yn har [[garaazje (bedriuw)|garaazje]] oan it wurk, as dêr in man opdûkt dy't oan it synjalemint fan Juan Flores foldocht. Hy hat ien grutte hûn by him en brûkt in [[brekizer]] om yn 'e garaazje binnen te kringen. Mercy hâldt syn meneuvels fia in [[kamera|befeiligingskamera]] yn 'e rekken, skillet Adam om him fan 'e sitewaasje op 'e hichte te stellen, en hellet har [[pistoal]] foar 't ljocht. As se him konfrontearret nei't er deryn kommen is, docht út syn praat wol bliken dat er geastlik net alhiel ynoarder is. Mercy makket him dúdlik dat er it wol ûnder de skuonsoallen skriuwe kin dat er Christy noch ea weromkrije sil. Mar behalven dat er Christy weromhawwe wol, siket Flores ek [[wraak]] op Adam om't dy him Christy ôfnommen hat. Dêrta stjoert er syn hûn op Mercy ôf, mar dy sjit it bist dea. As Flores dan noch net omlyk wol en har tenei komt, sjit se har pistoal op him leech, mar nettsjinsteande dat er sawol yn 'e [[holle]] as yn it [[hert]] rekke wurdt, hâldt dat him net tsjin. Hy ferliest syn minsklike uterlik en feroaret yn in grutte hûn dy't fierhinne út [[lava]] liket te bestean. Mercy giet him mei ferskate stikken ark te liif, mar is oan 'e ferliezende hân as Adam en Tad, in healbloed-ierdgeast dy't yn har garaazje wurket, arrivearje en 'Juan Flores' tegearre op 'e flecht driuwe.
Rigel 39:
Gary hat yn syn fizioen ek bylden sjoen fan in fermoarde frou, en út syn beskriuwing fan dat tafriel ken Mercy Lucia Arocha werom. Sy, Adam en Gary hastigje harren halje-trawalje nei Lucia ta om har te warskôgjen, mar se treffen har libben en wol oan, sij it tige ûngerêst om't har man Joel al lang thús wêze moatten hie. Mercy tinkt no dat Guayota Joel deade of wat oandien hat, en se fielt har tige skuldich, om't de tinkt dat sy de geastlik steurde fulkaangod nei de Arocha's ta laat hat. Adam, Gary en Mercy nimme Lucia mei om har de saak út te lizzen, mar as se letter nei har hûs weromkeare sadat se wat persoanlike besittings ophelje kin, blykt it hiele hûs oerheap klaud en ferrinnewearre en al har hûnen deamakke te wêzen.
 
Dy nachts ferskynt einlings KoyoteCoyote oan Mercy, dy't har de gongelstôk weromjout, sadat sy dy oan Beauclaire oerdrage kin. Mar hy nimt har ek mei nei in ûnbeskaat plak ta, dêr't se de beide grutte hûnen fan Guayota wei begnuve kinne. KoyoteCoyote fertelt Mercy dat sa'nent as Guayota, dy't withoefier fan syn territoarium ôf is, op 'e iene of oare wize in mystike bân mei dat territoarium ûnderhâlde moat om him yn 'e frjemte te ûnderstypjen. Foar Guayota ferfolje syn beide hûnen, de ''[[tibicena|tibicena's]]'', dy rol. Beide, want hy der wer twa. De magyske gongelstôk lit Mercy it wiere aard fan 'e dingen sjen, en yn ien fan 'e ''tibicena's'' sjocht se in frjemde frou, mar yn 'e oare sjocht se har freon Joel Arocha, dy't him út alle macht mar om 'e noch ferset tsjin 'e bannen dy't him bine. As se dêr letter oer neitinkt, komt Mercy ta in oare konklúzje oer de belutsenens fan Joel by dizze saak. Hja miende earst dat hja Guayota sels nei him ta laat hie, mar se wit dat Joel út [[Teksas]] komt. It docht bliken dat er ôfstammet fan ien fan 'e famyljes dy't de stêd [[San Antonio (Teksas)|San Antonio]] stifte hawwe, en dy kamen allegear fan 'e [[Kanaryske Eilannen]]. Mercy begrypt dan dat it Joel syn ôfstamming wie dy't makke hat dat Guayota him oerfallen hat, om't er in ferfanger brek wie foar de man dy't Mercy yn har garaazje deasketten hie.
Guayota siet ek efter de moard op 'e froulju en bisten yn it fjild bûten Kennewick, en KoyoteCoyote fertelt Mercy dat er no trochgean sil mei moardzjen, om't er net alhiel mear goed by de holle is, in krupsje dy't te krijen hat mei de ûnbidige âlderdom fan 'e fulkaangod. It is dúdlik dat er tsjinholden wurde moat, en dy taak nimme Adam en syn wearwolven op har, om't de plysje foar soksoarte tsjinstanners gewoan net tarist is. As Beauclaire om 'e gongelstôk komt, kin Mercy dy lokkigernôch oerlangje, en hja freget him dan oft hy ek helpe kin, mar hy warskôget har dat dat har sa djip by him yn 'e skuld bringe soe, dat se der nea wer útkomme koe. Ariana, in ierdgeast dy't in relaasje hat mei Mercy har [[pleechbroer]] Samuel Cornick, is in stik behelpsumer, en hja wit mei [[magy]] in stikmannich fan 'e wearwolven tsjin [[fjoer]] bestân te meitsjen. Mercy har freon Stefan, in [[fampier]], wit foar har efter it adres te kommen dêr't Guayota ferbliuwt. Underwilens hat Gary Laughingdog in nij fizioen krigen wêryn't er seach dat Adam-en-dy allegear stjerre soene as hy net mei harren gie, dat Adam set mei Gary, Samuel en fiif fan syn wolven ôf om te besykjen en weef mei Guayota ôf. Mercy giet net mei, want hja hat yn gefjochtssitewaasjes mar amper méár krêften as gewoane minsken, en de lêste kear dat der in meunster befochten wurde moast, rekke se swier ferwûne en moast se neitiid wikenlang opbetterje (sjoch: ''[[River Marked]]'').
 
Sadwaande bliuwt Mercy mei Adam syn tinerdochter Jesse, Lucia Arocha en Christy efter, ûnder beskerming fan Darryl Zao en dy syn frou Auriele, twa fan Adam syn wolven. Stefan hâldt har selskip as se yn 'e fierte it lûd fan 'e [[hierauto]] werom ken dy't Guayota riidt. Mercy lit Jesse, Lucia en Christy troch Stefan yn feilichheid bringe, en giet sels mei Darryl en Auriele de striid oan tsjin Guayota en syn ''tibicena's''. Mercy wurdt lykwols al rillegau útskeakele troch in slach op har holle, en glidet hinne en wer tusken [[bewustwêzen]] en [[bewusteleazens]]. Under ien fan har riten fan bewusteleazens fertelt KoyoteCoyote (dy't gjin inkele muoite hat om har [[dream]]en binnen te kringen) har dat se har [[nekke]] brutsen hat en op stjerren leit. As se wer bykomt, sjocht se dat de ''tibicena'' dêr't Joel yn finzen sit, oer har hinne stiet. De mystike bannen dy't him bine, ferskille net sa'n soad fan 'e mystike bannen tusken de leden fan in wearwolvetroep, en mei it gesacht dat Mercy as partner fan 'e alfa hat, nimt se Joel op yn 'e troep, wêrby't de bannen fan 'e wearwolveridel syn bannen mei Guayota ferfange.
 
Fan gefolgen rekket Guayota de behearsking oer de iene helte fan syn lichem kwyt, krektlyk as hied er [[oerhaal]] hân. Tsjin dy tiid arrivearret Gary Laughingdog mei Adam, Warren en Honey, trije fan 'e meast dominante wearwolven, dy't de striid mei Guayota oangeane. Mar it is Joel, dy't de oare ''tibicena'' deamakket en dêrmei de fulkaangod de genedeklap jout. Fan it iene op it oare stuit swynt Guayota alhiel wei. KoyoteCoyote fertelt Mercy, dy't wer bewusteleas rekket, dat Guayota net dea is, want goaden binne ûnstjerlik. Mar sûnder allebeide ''tibicena's'' is er weromstjoerd nei de Teide, en sil er ferskate jierren brek wêze om dizze klap te boppe te kommen. Tsjin dy tiid sil er, yn syn betize tastân, dit foarfal nei alle gedachten al lang wer fergetten wêze. KoyoteCoyote riedt Mercy wol oan om foarearst de Kanaryske Eilannen mar te mijen.
 
Mercy wurdt wekker yn it [[sikehûs]]. Adam fertelt har dat har nekke brutsen liek te wêzen doe't se dêr oankaam, mar nei't er KoyoteCoyote yn dy syn prêrjewolvefoarm yn har keamer trappearre, die letter bliken dat de [[dokter]]s mis west hiene en dat har nekke dochs net brutsen wie. Dat wol net sizze dat Mercy net skansearre rekke is, want se hat [[kniezing]]s en [[brânwûne]]n by't folop en sels in pear brutsen [[bonke]]n, mar se kin teminsten harsels rêde, sa mient se. Sadree't Adam even fuort is, komt se fan [[bêd]] ôf om't se nedich nei it [[húske]] moat, mar nei trije stappen ûntdekt se dat dat dochs net sa'n ferstannich idee wie. Se wifket en soe fallen wêze, as se net op it lêste momint it hânsel fan 'e magyske gongelstôk ûnder har [[hân]] fûn hie.
 
{{boarnen|boarnefernijing=