Hûn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L koyote ->> coyote
Rigel 4:
Neffens genetysk ûndersyk fan [[Caries Vila]] ([[1997]]) binne der op grûn fan ferskillen yn it [[mitogondriaal DNA]] fjouwer ferskillende groepen hûnerassen te ûnderskieden, dy't mooglik it resultaat binne fan fjouwer ferskillende [[domestikaasje]]s yn it ferline.
 
Wol is dúdlik dat de hûn ôfstammet fan de wolf (''Canis lupus'') en net fan de [[koyotecoyote]], de [[Gewoane jakhals|jakhals]] of in oare hûneftige: de ferskillen fan hûn en wolf mei al dizze soarten binne folle grutter as dy tusken hûn en wolf ûnderling. De grize wolf komt, alteast kaam, oer it grut ferspriedingsgebiet foar yn de [[Feriene Steaten|Feriene Steaten fan Amearika]], [[Europa]] en [[Aazje]]. It is op grûn fan de genetyske analyze net dúdlik oft de hûn noch fan in spesifike ûndersoarte fan de wolf ôfstammet lykas de [[Canis lupus pallipes|Perzyske wolf]] (''C. lupus pallipes''), omdat dy by de brûkte metoade genetysk net te ûnderskieden wie fan oare typen wolven.
 
Groep ien fan de fjouwer troch Vila ûnderskieden kategoryen is wer yn ferskate tûken ûnder te ferdielen, wêrfan in súdeastlike tûke ûnder oare de Australyske [[dingo]] befettet, in primitive hûn dy't ek yn it wyld libbet en him fan de measte domestisearre hûnen ûnder mear noch ûnderskkiedt troch in jierlikse [[Brûnstiid|fuortplantingssyklus]].