Atlantikwall: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 13:
[[Organisation Todt]], dy't earder de [[Siegfriedliny]] (''Westwall'') de [[Frankryk|Frânsk]]-Dútske grins bylâns ûntwurpen hie, waard ek de haadferantwurdlike organisaasje foar it ûntwerp en de konstruksje fan de meast wichtige fortifikaasjes yn de nije ferdigeningsliny. Tûzenen arbeiders waarden ronsele foar de bou fan de permaninte fersterkingen oan de [[Nederlân]]ske, [[Belgje|Belgyske]] en [[Frankryk|Frânske]] kusten.
[[Ofbyld:Bundesarchiv Bild 101I-719-0243-33, Atlantikwall, Inspektion Erwin Rommel mit Offizieren.jpg|thumb|left|Rommel by in ynspeksje fan de Atlantikwall, april 1944.]]
Ier yn 1944 waard fjildmaarskalk [[Erwin Rommel]] beneamd om de ferdigening fan de 'muorre' te ferbetterjen. Rommel wie fan betinken dat de besteande fersterkingen folslein ûnfoldwaande wienen dat hy sette fuortendaliks út ein en ferbetterje dat. Op syn oanwizingen waard in rige [[bunker]]s fan wapene beton oan de kusten set, dy't útrist waarden mei [[masinegewear]]en, [[Antytankgeskut|antitankgeskutantytankgeskut]] en lichte artillery. Op de strannen sels kamen minen en antytankobstakels en deun foar de kust waarden ûnderwetterobstakels en [[Seemyn|minen]] oanbrocht. It wie de bedoeling om Alliearde [[lâningsboat]]en te ferneatigjen foardat sy har lading losse koenen.
 
Tsjin de tiid fan de ynvaazje yn Normandje hienen de Dútsers benei seis miljoen minen lein yn Noard-Frankryk. Fierders waarden ek de oanfierwegen nei de kust beskerme mei geskut en minefjilden. Op gaadlike lâningsplakken foar (sweef)fleanmasinen en parasjutisten waarden puntige obstakels oanlein, de saneamde ''[[Rommelspargel]]'' ("Rommel syn asperzjes"). Leechlizzende gebieten oan rivieren en [[estuarium]]s waarden permanint ûnder wetter set.